Ferskil tusken ferzjes fan "The Vor Game"

L
justjes oanpast
L (→‎Plot: red)
L (justjes oanpast)
Miles wurdt dêrnei twa moanne lang min of mear finzen holden yn it haadkertier fan ''ImpSec'', dêr't er, om him wat om hannen te jaan, tafoege wurdt oan 'e bewekking (sadat ien fan syn taken is om derfoar te soargjen dat er sels net útnaait). Hy wanhopet op 't lêst suver oft er ea noch wer bûten it gebou komme sil, mar úteinlik wurdt er der mei luitenant Ungari en serzjant Overholt opút stjoerd om te ûndersykjen wat der krekt oan 'e hân is yn it Hegen-mulpunt.
 
It Hegen-mulpunt is in [[stjerrestelsel]] mei in [[dûbelstjer]], mar sûnder bewenbere planeten. It soe eins hoegenamt net ynteressant wêze foar de [[minske]], as it net sa wie dat der fjouwer [[wjirmgat|wjirmgatten]] útkamen. Wjirmgatten binne fan natuere foarkommende "tunnels" troch it [[tiid-romtekontinuum]], dy't men brûke kin om jin fan it iene stjerrestelsel nei it oare te bejaan sûnder dat men desennia- of miskien wol ieuwenlang troch de lege ynterstellêre romte hoecht te reizgjen. Fjouwer fan sokke wjirmgatten hat it Hegen-mulpunt (dêrfandinne de namme "mulpunt") ta in soarte fan krúspunt yn 'e romte makke. Dy wjirmgatten liede nei fjouwer bewenne stjerrestelsels: ien nei Aslund, dat fierders gjin wjirmgatten hat en dus, om it samar te sizzen, oan 'e ein fan in dearinnende wei sit; ien nei it [[anargisme|anargistyske]] Jackson's Whole, dêr't misdiesyndikaten foar master opslane; ien nei Vervain, dêr't men fierder wei reizgje kin nei it machtige en ekspansjonistyske CetagandyskeCêtagandyske Ryk; en ien nei Pol, dat wer oer in wjirmgat nei Komarr, yn it Barrayareeske Ryk, beskikt. Nei desennia fan gearwurkjende desynteresse en saaie neutraliteit is der yn it Hegen-mulpunt ynienen in wapenwedrin geande. Pol en Jackson's Whole hawwe der floatienheden nei ta stjoerd, wêrby't Pol sels safier gien is dat it de befeiliging fan syn wjirmgat oan 'e Barrayareeske kant ferwaarleazget, wylst it sûnt de Barrayareeske ferovering fan Komarr altiten tige benaud foar Barrayar wie. Vervain hat in hierlingefloat, Randall's Rangers, ynhierd, wylst Aslund, dat it measte te ferliezen hat om't it oer gjin oare útwei as troch it Hegen-mulpunt beskikt, oan in militêr romtestasjon wurket mar foar de tuskentiid ek in hierlingefloat oannommen hat: de Frije Dendarii Hierlingen, dy't Miles ûnder syn eardere aventoeren oprjochte hat (sjoch: ''[[The Warrior's Apprentice]]'').
 
Mei't der foar Barrayar wichtige [[ekonomy|ekonomyske]] en strategyske belangen op it spul steane, moatte Ungari, Overholt en Miles, waans funksje yn it tiim strikt dy fan assistint is, út sjen te finen wat de wapenwedrin feroarsake hat en hoe't de Dendarii der krekt yn behelle binne. Sadwaande reizget Miles ûnder de momkape fan Victor Rotha, in skabeljeuze Bêtaanske wapenhannelder, mei Ungari as syn partner en Overholt as syn liifwacht nei it Hegen-mulpunt.
Fuort nei't se it Vervaanske stasjon berikke, wurde se ferret troch de kaptein fan it skip dat harren ferfierd hat, en wurde se alwer finzen nommen, no troch hierlingen fan Randall's Rangers, dy't ûnder befel blike te stean fan Cavilo, itselde frommeske dat Miles arrestearje litten hie op it romtestasjon fan Jackson's Whole en dat Miles earder kennen leard hie ûnder de skûlnamme Livia Nu. In noch gruttere ferrassing is dat har ûnderbefelhawwer nimmen oars as generaal Stannis Metzov is, Miles syn âlde kommandant út Kamp Permafrost. It spul rekket yn in streamfersnelling as Metzov Gregor wer ken. Miles wurdt opsletten yn in sel, wylst Gregor in staasjekeamer tawiisd kriget. Miles kriget syn keizer en freon net wer te sjen, mar makket letter út Cavilo har praat op dat Gregor by har it idee yn 'e holle plante hat dat se keizerinne fan Barrayar wurde kin. Om't Miles dingen oer har wit dy't it deiljocht eins net ferdrage kinne, stjoert Cavilo him werom nei it Aslunder stasjon, sabeare om it befel oer de Dendarii oer te nimmen, mar eins om him út 'e wei te romjen sûnder sels syn bloed oan 'e hannen te krijen.
 
Miles hat einlik wat lok as er deunby it Aslunder stasjon yn in rêdingskokon dumpt wurdt en oppikt wurdt troch de ''Ariel'', it Dendarii-skip fan syn âlde freon Bel Thorne, in Bêtaanske [[hermafrodyt]]. Feilich oan board fan 'e ''Ariel'' beslút Miles it lêste te dwaan dat Cavilo ferwachtet: in fermoedsoening mei admiraal Oser ta stân bringe, wat him slagget om't er de man mei wurden wol oer kin. Nei't er op it Aslunder stasjon oankommen is, fynt der in moardoanslach op him plak, mar dy mislearret en de dieder, dy't generaal Metzov blykt te wêzen, wurdt fêstset. By in ûnderfreging nei tatsjinning fan it [[wierheidssearum]] fluch-penta fertelt Metzov dat it hiele spul in CetagandyskeCêtagandyske yntriizje is om it Hegen-mulpunt oan harren ryk ta te foegjen. It is de bedoeling dat Randall's Rangers Vervain fan 'e iene kant ôf oanfalle sille en in CetagandyskeCêtagandyske float fan 'e oare kant ôf. Ienris yn it Vervaanske stelsel sille de CetagandiërsCêtagandiërs sa fluch mooglik trochstjitte nei it Hegen-mulpunt.
 
Miles sjocht no yn dat it syn plicht om te besykjen de CetagandiërsCêtagandiërs by it wjirmgat fan Vervain nei it Hegen-mulpunt tsjin te kearen, sawol om't dat de belangen fan it Barrayareeske Ryk tsjinnet, as om 'e Vervanen, Aslunders en Polezen te behoedzjen foar in CetagandyskeCêtagandyske besetting. Om dat te berikken, wol er de Dendarii ynsette. Oser wegeret dêroan mei te wurkjen, mar wurdt oermastere en opsletten; Miles en Tung nimme it befel oer de float oer. Neitiid bringt Miles de Dendarii nei it Vervaanske romtestasjon en beweecht dêr Cavilo ta in ''rendez-vous'', wêrby't er har earst Gregor ûntfytmannet en har dan finzen set. Tegearre twinge Miles en Gregor har om Randall's Rangers oan 'e side fan 'e Dendarii te bringen. Gregor bliuwt efter op it Vervaanske stasjon om in ferdrach tusken Vervain en Barrayar te beävensearjen, wylst Miles mei de beide hierlingefloaten troch it wjirmgat nei it Vervaanske stjerrestelsel giet, dêr't de striid mei de CetagandiërsCêtagandiërs dan al losbarst is. Miles en Tung geane de slach oan om 'e CetagandiërsCêtagandiërs by it wjirmgat nei it Hegen-mulpunt wei te hâlden. Underwilens brekke Oser mei guon syn oanhingers en Metzov en Cavilo út 'e skipsfinzenis dêr't se fêstsieten. Oser-en-dy besykje yn in shuttle ien fan 'e oare Dendarii-skippen te berikken, dêr't er fan leaud dat de bemanning op syn hân wêze sil, mar de shuttle wurdt healwei opblazen troch de CetagandiërsCêtagandiërs. De striid ferrint almar fierder yn it neidiel fan 'e Dendarii, mar krekt as alle hope ferlern liket, arrivearret der troch it wjirmgat in Barrayareesk-Poleesk-Aslunder float ûnder befel fan Miles syn heit. De CetagandiërsCêtagandiërs begjinne har dan al rillegau werom te lûken en de oarloch is wûn.
 
Neitiid docht bliken dat Metzov en Cavilo net mei Oser-en-dy yn 'e shuttle gien wiene, mar harren beskûl holden hawwe yn Miles syn eigen hut. As Miles der dêr wer yn komt, besiket Metzov him te smoaren, mar Cavilo rêdt him troch de generaal dea te sjitten. Sa't Gregor en Miles mei har ôfpraat hiene, mei Cavilo dan ôfsette mei de restanten fan Randall's Rangers, hoopjend om 'e CetagandyskeCêtagandyske wraak foar har ferrie foar te bliuwen. Fierders wurdt der in definsjepakt tekene tusken Barrayar, Pol, Aslund en Vervain. Gregor akseptearret de Dendarii yn it geheim as syn persoanlike kriichsmacht en Miles wurdt detasjearre as ferbiningsofsier fan ''ImpSec'' mei 's Keizers Eigen Dendarii Hierlingen (''"Want,"'' sa seit ''ImpSec''-sjef Simon Illyan, ''"as ik dy net earne oars hinne stjoer, dan bist hjirre."'')
 
==Oersettings==