Jonkerslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw in kopke tafoege en wat skriuwflaters weihelle en soks.
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 2:
 
== Buorskip ==
Jonkerslân is in nij [[doarp]]. It hat lang in part fan [[Langsweagen]] west. Sa om [[1850]] hinne kaam der wat wy no in ferieniging foar doarpsbelang neame soenen. De oantekenboeken fan dizze ferieniging binne bewarre bleaun en binne no yn it museum fan 'e [[Gordyk]]. Yn 'e rin fan tiid binne de doarpsgrinzen yn [[Opsterlân]] feroare. De [[buorskip|buorskippen]] Jonkerslân en [[Fûgelsang]] binne doe it doarp Jonkerslân wurden.
 
Doe't it boerebedriuw efterút rûn binne der foaral minsken dy't harren wurk yn Gordyk hawwe, wenjen gien.
Rigel 9:
 
==Skiednis==
Jonkerslân hat syn namme krigen troch [[Piter Dekema]]. Piter Dekema wie, neist dat er riedshear by it [[Hof fan Fryslân]] wie, ek ûndernimmer. Der kaam ferlet fan [[turf]] yn [[Hollân]]. Dekema wie ien fan kompanjons fan de [[Skoarlânske Komanije]]. Doch hy hie foar himsels ek in eigen feanderij.
Der wurdt wol tocht dat Dekema feanderij yn Opsterlân, sa om [[1560]] hinne begûn is mei syn sweager [[Boudewijn van Loo]]. Foar it ferfieren fan de turf waard de [[Jonkersfeart]] groeven. Dizze feart slette wer oan by de oare fearten dy't foar dit doel groeven binne. De Jonkersfeart is net mear befarber. Doch is de feart noch werom te finen yn it lânskip.
 
== Sjoch ek ==