Che Guevara: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red. en sa..
L red. allegeduerigen better witte wolle....
Rigel 1:
{{wurk}}
{{stavering}}
[[Ofbyld:Che Guevara June 2, 1959.jpg|thumb|Che Guevara, Kuba 1962]]
'''Ernesto "Che" Guevara''' ([[14 juny]] [[1928]] - [[9 oktober]] [[1967]]), ek wol '''Che Guevara''' of koartwei '''Che''' neamd, wie in [[Argentynje|Argentysk]] [[Marksisme|marksistysk revolusjonêr]], politikus, skriuwer, dokter en guerrilla-strider.
 
Guevara is in ferneamd revolusjonêr. Hy wie ien fan de foaroanmannen by de machtsoername op [[Kuba]] yn [[1959]. Dêrnei focht er yn Kongo. Syn lêste reboelje wie yn [[Bolivia]].
 
== Bernetiid en jeugd ==
Ernesto Guevara wie hikke en tein yn Rosario, Argentynje. Guevara hat al syn libben problemen hân mei syn sûnens. Doe't er trije wie krige er lêst fan [[astma]]. Hy lies in protte, sawol boeken fan [[Sigmund Freud]], [[Charles Baudelaire]], [[Karl Marx]] en [[Giovanni Boccaccio]], mar ek minder swiere boeken lykas 'Robinson Crusoë' en 'De trije musketiers'. GuevareGuevara wie yn syn jeugd by ferskillende sportferienings aktyf, mar [[rugby]] wie syn favoryt. Yn [[1948]] gong Guevara nei de universiteit fan [[Buenos Aires]] en studearre dêr medisinen. Yn 1951 makke er in motorreis troch [[Latynsk-Amearika]] mei syn maat [[Alberto Granado]]. It doel fan dy reis wie de [[lepra]]koloanje oan de rivier de [[Amazône]] yn [[Perû]], dêr't sy as frijwilligerfrijwilligers oan't wurkjewurk woenen. It deiboek fan syn reis, ''The Motorcycle Diaries'', waard in ''bestseller'' (ferfilme yn 2004).
 
== Kuba ==
Yn [[1955]] slút Guevara him oan by de ''26 july beweging'' (ôfkoarting: M-26-7), de guerrillabeweging fan [[Fidel Castro]]. Yn Meksiko túgden de leden fan de M-26-7 in boat oan dêr't se mei nei Kuba farren. Op 2 desimber 1956 kamen hja yn Kuba oan. It Kubaanske leger wachte al op de guerrillastriders, dy't fan it strân ta de jungle yn besochten te flechtsjen. 12 fan de 82 revolusjonêren oerlibben de flecht, sa ek Guevara. Yn de bergen fan de "Sierra Maestra" wurken de revolusjonêren oan in nij legerke. De soldaten fan dat legerke wienen benammen boeren en yntellektuelen. Guevara krijt al gau de heechste rang, dy fan "Comandante", en waard sa bûnsmaat fan Castro. By de revolúsje naam Guevara de eksekúsje fan ynformanten, ferrieders en spionnen op syn noed. De M-26-7 beweging makke twa jier reboelje op [[Kuba]] en koe 1 jannewaris 1959 de politike macht oernimme fan diktator [[Fulgencio Batista]].
 
== Nei Kuba ==
Yn 1965 makket Guevara in reis nei Kongo, om mei de rebellen dêr te striden. De revolúsje yn Kongo wie gjin sukses. Guevara moast him mei oare Kubaanske troepen weromlûke út de striid. Nei de mislearre revolúsje makke er in reis nei ferskillende lannen. Hy reizge fan Kongo nei [[Tanzania]], [[Praach]], Kuba (geheime reis), [[Moskou]], Praach, [[Wenen]] nei Bolivia. Op 3 novimber 1967 slút er him by de oare revolusjonêren yn Bolivia oan. De striid fan de revolusjonêren yn Bolivia mei sa likernôch'n 50 guerrillas hie yn maart 1967 suksessúkses. Dochs krigen de guerrillas gjin stipe fan de boeren, en ek net fan de Kommunistyske Partij. It leger fan Bolivia waard sterker en krige ek noch stipe fan de [[Feriene Steaten]]. Op 8 oktober waard Guevara ferret troch in deserteur. Syn eksekúsje is in dei letter.
 
== Literatuer ==
* {{aut|Hans Achterhuis}} ''Ernsto Guevara: een nieuwe mens in een communistische maatschappij'', yn ''Filosofen van de derde wereld: Frantz Fanon, Che Guevara, Paulo Freire, Ivan Illich, Mao Tse-Toeng'', 'tj.. Ambo, Bilthoven (1975); sd.48-62.
* {{aut|Jon Lee Anderson}} ''Che Guevara, A Revolutionary Life'', ISBN 0-8021-3558-7
* {{aut|Jean Cormier}} ''Che Guevara'', ISBN 90-445-0681-1
* {{aut|Carlos Tablada}} ''Het economisch denken van Che Guevara'', Ned. oerset. Uitg. EPO, 1995, ISBN 90-6445-816-2
 
{{Guevara}}