Abraham Staal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
L [[]]
Rigel 1:
'''Abraham Staal''', ( [[Gouda]], [[1752]] - [[Flaardingen]], [[5 april]] [[1804]]) wie in menniste dûmny yn [[Goes (stêd)|Goes]] ( [[1779]] ), [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] ( [[1787]] ) en [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] ( [[1788]] ). Lykas in soad [[mennisten]] wie Staal [[Patriotten|patriot]], om [[1795]] hinne komt er nei foaren. Troch syn foarkommen waard er "rammenoas" (''arendsneus'') neamd. Yn it boek ''De Knorrepot en de Menschenvriend'' wurdt er troch [[Gerrit Paape]] opfierd as dûmny Langhals.
 
Troch folksrepresintanten waard Staal beneamd ta riedshear yn it [[Hof fan Fryslân]] ( [[1796]] ) tegearre mei de sjoernalist Paape. Troch syn radikalisme krijt er swierrichheden yn de gemeente, nei't de oantruners fan it [[Kollumer Oproer]] berjochte wiene. Nei de steatsgreep op 12 juny 1798 is syn hûs trochsocht fan it [[Utfierend Bewâld]]. Hy waard fêstset yn [[Hûs de Bosk (paleis)|Huis ten Bosch]] yn Den Haach.<br>
Yn [[1798]] wurdt er emeritus om him hielendal te wijen oan de polityk. Earst yn [[1804]] wurdt it fûns foar pensjonearring fan predikantswiddo's stifte, dêr't Abraham yn [[1794]] de oanset ta jûn hie yn de Fryske doopsgesinde soasjeteit.