Slach by Warns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Eftergrûn behimmele, side kin noch wiidweidiger en folsleiner beskreaun wurde
Rigel 20:
 
== Eftergrûn ==
[[Ofbyld:Friesische Seelande um 1300.png|thumb|left|De Fryske lannen om it jier 1300 hinne.]]
Binnen it [[Hillige Roomske Ryk]] hienen de Fryske gebieten in sterke ûntwikkeling trochmakke nei autonomy, de saneamde [[Fryske Frijheid]]. Dizze ûntwikkeling wie it sterkst te westen fan de [[Lauwers]]. Yn de tsjintwurdige provinsje [[Fryslân]] waard oant en mei fier yn de [[13e ieu]] in foarm fan greeflik gesach útoefene troch de biskop fan Utert en de Hollânske greve. Benammen de Hollânske greven besochten út en troch har oergesach te festigjen troch belestingen yn te fieren en alhiele kontrôle op de rjochtspraak.
De midsieuske Friezen hienen har eigen frijheidsideology. Yn de hege en lette midsieuwen kaam dêrtroch it konsept fan de [[Fryske frijheid]] fan 'e grûn. Dêrneffens ûntstie ek it konsept fan de [[Sân seelannen|Sân Fryske seelannen]]. Lykwols wie de Fryske frijheid it sterkst tusken it [[Fly]] en de [[Wezer]] mei de [[Upstalbeam]] as in utering dêrfan.
 
Yn de rin fan de Midsieuwen krigen de Friezen te meitsjen mei in lange rige oanfallen op harren autonomy. Alle [[Sân seelannen|Sân Fryske seelannen]] waarden oanfallen troch wrâldske en geastlike hearen dy’t harren rjochten jilde litte woenen.
 
Mei de ein fan de [[Westfryske oarloggen]] yn 1297 kaam der ek in ein oan 'e Fryske frijheid yn [[West-Fryslân|Westfryslân]]. De greven fan Hollân koenen dêrtroch fierder mei gebietsútwreiding.
 
It doel fan de fierdere ekspânsje wie Westerlauwersk Fryslân. Yn Starum woenen de Hollanners by it Sint-Odulphuskleaster in sterke festing meitsje om dêrwei de Fryske goäen oan de Lauwers ta te feroverjen.
 
==De slach==