Slach by Warns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 21:
== Eftergrûn ==
[[Ofbyld:Friesische Seelande um 1300.png|thumb|left|De Fryske lannen om it jier 1300 hinne.]]
De Friezen hienen yn 'e midsieuwen har eigen frijheidsideology mei in eigen bestjoerlik systeem en rjochtspraak. Dat waard it konsept fan de [[Fryske frijheid]]. Dy Fryske frijheid soe neffens ferskillende boarnen foar elk fan de [[Sân seelannen|Sân Fryske seelannen]] jilde, mar wie yn 'e praktyk it sterkst tusken it [[Fly]] en de [[Wezer]] mei de [[Upstalbeam]] as belangrykste utering dêrfan.
 
Yn de rin fan de Midsieuwen krigen de Friezen te meitsjen mei in lange rige oanfallen op harren autonomy. Alle [[Sân seelannen|Sân Fryske seelannen]] waarden oanfallen troch wrâldske en geastlike hearen dy’t harren rjochten jilde litte woenen. Foarbylden dêrfan binne de [[Frysk-Hollânske oarloggen]], de [[Westfryske oarloggen]] en de [[Slach by it Wremer Djip]].
 
Mei it ferlies fan de Friezen yn de [[Slach by Froanen]] kaam der yn 1297 in ein oan de Fryske frijheid yn [[West-Fryslân|Westfryslân]]. De Sudersee sil help tsjin de besetter fan de oare Fryslannen út opkeard hawwe. De greven fan Hollân hienen dêrtroch de hannen frij en koenen fierder mei gebietsútwreiding. Nei Westfryslân soe Westerlauwersk Fryslân it doel wurde fan de Hollânske ekspânsje. Yn Starum woenen de Hollanners by it Sint-Odulphuskleaster in sterk fort meitsje om dêrwei de Fryske goäen oan de [[Lauwers]] ta te feroverjen.
 
== De slach ==
OpDe Hollanners stutsen yn de iere moarn fan 26 septimber [[1345]] kaamfan inwâl yn [[Inkhuzen]]. It leger fan de grutteHollaners floatfear ûnder lieding fan Grevegreve [[Willem IV fan Hollân|Willem fan Henegouwen]] en Hartochhartoch [[Jan fan Beaumont]] útoer de [[Greefskip Hollân|HollânSudersee]] nei [[Starum]] ta,en om[[Laaksum]] Fryslân te feroverjenta. EarstIt Starumdoel marfan ris,de ûndernimming wie it doelynnimmen fan Starum, omdêr't se tochten dat fanby it [[Sint -Odulphuskleaster]] in moai fort tebouwe meitsjenwoenen. It plan wie om dan út Starum wei de Fryske goäen oan de Lauwers ta te feroverjen. Om'tDe skippen fan de boatenHollanners samoasten foldêrom sietennet meiallinnich minskenridders en proviandoar kriichsfolk meinimme, hienemar deek arbeiders en boumaterialen en iten. De Hollânske ridders koenen troch de beheinde romte allinnich mar harren harnassen meinimme, de hynders thúskoenen net mei de Sudersee littenoer.
 
De troepen fan hartoch Jan fan Beaumont kamen noardlik fan Starum op 'e wâl en teagen fuort op de stêd oan. It leger fan greve Jan fan Henegouwen soe fan de oare kant nei Starum ta komme en gongen by [[Laaksum]] it lân op. De doarpen Laaksum en Warns waarden yn 'e brân stutsen troch de troepen fan Jan fan Henegouwen. By Warns begûn it tsjinoffensyf fan de Friezen. De [[ridder]]s mei har swiere harnassen en sûnder hynders wienen gjin sterke partij tsjin it Fryske leger dat út boeren en fiskers bestie. Dêrtroch moasten de Hollanners flechtsje nei it Reaklif ta. Yn de sompige grûn by it klif waarden de Hollanners ferslein. Dêrby koe ek greve Willem it libben net mear hâlde. Doe't de troepen fan de hartoch fan Beaumont dat hearden woenen ek sy weromflechtsje. Underweis nei de skippen ta waarden de Hollanners folge troch de Friezen. Lang om let koe der mar in lyts part fan dat leger weromkomme nei [[Amsterdam]].
[[Ofbyld:Reaklif boerd.JPG|thumb|250px|Boerd op it Reaklif]]
Wylst Beaumont goed oan lân kaam en al gau by it kleaster wie, rûn it mei Fan Henegouwen in stik minder goed. Hy soe mei syn mannen fan de oare kant ôf nei Starum komme. It ferlitten [[Laaksum]] waard yn'e brân stutsen, krekt lykas Warns. Dy fan Laaksum en Warns soene wol yn Starum wêze, moat Willem tocht hawwe. Mar ynienen wiene de Warnsers oeral en foelen de ridders yn harren harnassen, dy't sa sûnder hynders mear lêst as gemak wiene, oan. Werom nei Laaksum koe net, dêr wie't ek ynienen allegear folk. Der wie noch mar ien útwei, mar dat bliek de 'Ferkearde wei' te wêzen. Dy late net nei Starum, mar it moeras yn, rjochting it Reaklif. In soad soldaten kamen om, ek Greve Willem.
 
=== Strategyën ===
Doe't de mannen fan Beaumont it hearden, rekken se yn panyk en besochten mei de boaten wer nei de oare kant fan de [[Sudersee]] te flechtsjen. Dat slagge úteinlik mar in lyts ploechje.
De strategyën dy't de Hollanners brûkten yn de Slach by Warns dienen gjin fertuten. Yn it foarste plak waard de legermacht fan de Hollanners yn twa groepen opdield.
 
Willem kaam noardlik fan Starum oan lân en Jan fan Beaumont súdlik fan de stêd. Boppedat sette Willem gleonhastich op Starum oan sûnder te wachtsjen op syn bôgesjitters. It slagge Willem en 500 man kriichsfolk om by it Sint-Odulphuskleaster te kommen omdat de Friezen har bewust komme lieten. De Friezen koenen dêrtroch Willem en syn 500 man fan de oare troepen skiede en him oer it mêd komme. Dêrnei weefden de Friezen mei de oare troepen ôf dy't net mear werom koenen nei de skippen om't dy te fier foar de kust leinen.
==Betinking==
 
Grif sille in soad minsken by it hearren fan de '''Slach by Warns''' fuortendaliks tinke oan de rigel 'leaver dea as slaef'.
De hartoch fan Beaumont hie oare swierrichheden yn it sompige lân by it Reaklif. De Hollanners hienen derfoar keazen om gjin hynders mei te nimmen foar de ridders. De ridders, dy't wol harnassen droegen, wienen dêrtroch minder mobyl as it Fryske kriichsfolk. It kamp fan de Hollanners wie net taktysk keazen sadat de Hollanners oan de iene kant allinnich mar nei see ta koenen wylst se fan de oare kant oanfallen waarden troch Friezen. De Friezen folgen de Hollanners it wetter yn sadat se allegear dealsein waarden.
Dy rigel is te finen op de tinkstien op it [[Reaklif]] by [[Warns]], dêr't alle jierren op de lêste sneon fan septimber de 'Slach' betocht wurdt. It Reaklif leit likernôch 20 meter boppe NAP.
 
== Nei de slach ==
Troch de oerwinning fan de Friezen soe de Fryske frijheid noch sa'n 150 jier oanhâlde. Yn it jier 1396 besochten de Hollanners nochris in oanfal op Fryslân yn de [[Slach by Skoattersyl]]. Dy slach like ynearsten wûn troch de Hollanners, mar dy lutsen har nei tsien dagen werom. De Friezen wienen ûnderwylst sels fertiisd yn in partijstriid tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]]. Dy partijstriid krige syn hichtepunt yn de [[Grutte Fryske Oarloch]] (1413-1422). Yn 1498 kaam der yn Westerlauwersk Fryslân in ein oan de Fryske frijheid. Keizer [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk]] makke yn dat jier [[Albrecht fan Saksen]] gûverneur (potestaat) fan Fryslân tusken [[Fly]] en [[Iems]]. De Fryske frijheid kaam troch de ynterne partijstriid fan de Skieringers en Fetkeapers oan syn ein. De lêste kear dat de Hollanners ferdreaun waarden út Fryslân wie yn it jier 1414.
 
== Betinking ==
[[Ofbyld:Reaklif boerd.JPG|thumb|250px|BoerdYnformaasjeboerd op it Reaklif]]
Neffens de Frjentsjerter heechlearaar en Frysk skiedskriuwer [[Pier Winsemius]] (1586-1644), hawwe de Friezen de 26e septimber ta eare fan Maria ynsteld as tank foar de behelle oerwinning op de greve: ''Us Frysk Ljeaffrouwedei''. Mei de komst fan Albrecht fan Saksen yn 1498 wurdt dat tsjerklik feest ferbean en ek ûnder it regear fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk]] bliuwt dat sa.
 
De moderne betinking fan de Slach by Warns wurdt sûnt 1945 holden. Yn de tritiger jierren fan de 20e ieu kaam it idee op om in nasjonale Fryske tinkdei te organisearjen. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] hat dat syn beslach krigen op it Reaklif. Pas op 26 septimber 1945 – 600 jier nei de Slach út 1345 – slagget it om op it Reaklif in „bewegingsdei‟ te organisearjen op oanstean fan de krekt oprjochte [[Ried fan de Fryske Beweging]]. Yn 1951 keapet de dêrfoar oprjochte ‟Stifting Slach by Warns‟ in stik lân op it Reaklif om dêr in monumint op sette te kinnen. It jild wurdt byinoar helle troch it útjaan fan keapbewizen foar ƒ 2,50 de kante meter. Mei ynset fan frijwilligers by de bou fan it monumint – neffens plan en tafersjoch fan arsjitekt Arjen Witteveen – kin yn 1952 de betinking by de stien holden wurde.<ref>Tom Dykstra, ''De betinking ‘Slach by Warns’ betocht'', yn [[Swingel]] 28, siden 5 oant en mei 8</ref> Grif sille in soad minsken by it hearren fan de Slach by Warns fuortendaliks tinke oan de rigel ''leaver dea as slaef''. Dy rigel is te finen op de tinkstien.
 
De betinking fan de Slach by Warns wurdt noch alle jierren op de lêste sneon fan septimber betocht. By de betinking hearre muzyk en sprekkers. De ûnderwerpen fan de sprekkers binne ornaris taal, ûnderwiis, taalbelied, desintralisaasje en demokrasy.
 
== Sjoch ek ==
*[[Fryske fjildslaggen]]
*[[Frysk-Hollânske oarloggen]]
*[[Westfryske oarloggen]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.betinking-slachbywarns.nl/index_FR.html Webside fan de betinking Slach by Warns]
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
[[Ofbyld:Logo Kwissipedy.png|thumb|right|30px|''[[Kwissypedy|>]]]]
* [http://www.betinking-slachbywarns.nl/index_FR.html www.betinking-slachbywarns.nl] <small>''Frysk''</small>, <small>''Ingelsk''</small>, <small>''Nederlânsk''</small>
* [http://www.warns.nl/Warns%20geschiedenis%20slach%20by%20warns.htm Ferhaal oer de Slach by Warns op www.warns.nl] <small>''Nederlânsk''</small>
<references/>
}}