Frjentsjer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sq:Franeker
Rigel 26:
Doe't de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] in opstân kaam tsjin Spanje, keas Frjentsjer al gau de kant fan [[Willem fan Oranje]]. Frjentsjer waard hjirfoar yn [[1585]] beleanne mei in [[universiteit fan Frjentsjer|universiteit]]; op Leien nei de âldste fan Nederlân. Der waarden fjouwer redenen oanfierd: it wie goedkeaper as studearjen yn Leien, de âlden koenen better harren bern yn'e gaten hâlde, it wie goed foar de ûntwikkeling fan de befolking en it jild dat de studinten útjaan soene bleau binnen de provinsje. Oan dizze "Frjentsjerter Akadeemje", skonken troch de Fryske steedhâlder [[Willem Loadewyk fan Nassau]] en iepene op 29 july 1585, koe men teology, rjochten, medisinen, klassike talen, wiisbegearte en wis- en natuerkunde studearje. Ien fan de studinten wie [[Willem IV fan Oranje-Nassau|prins Willem IV]].
 
HA gayyyyy
=== Frjentsjer yn de Patriottetiid ===
Yn de [[18e ieu]] rekke de stêd yn ferfal, mar yn de patriottetiid liet Frjentsjer noch fan him hearre. Yn septimber 1785 waard it twahûndertjierrich bestean fan de Hegeskoale fierd. [[Prinses Wilhelmina fan Pruisen]] die mei oan de feeestlikheden sûnder har man, dy't konfrontearre seach mei ferlies oan macht en ynfoed en al syn foegen opjaan woe: rûnom yn it lân wiene eksersysjegenoatskippen oprjochte, it dragen fan oranje wie sûnt inkele wiken ferbean en yn De Haach wie hy út syn militêre funksje setten. Yn maaie 1787 waard it de studinten en professors (lykas [[Johan Valckenaer]]) ferbean diel te nimmen oan de oefeningen fan it [[eksersysjegenoatskip]]. De Steaten fan Fryslân furdigen ein maaie boppedat in ferbod út om wapens oan te skaffen, mei as gevolch dat de [[patriotten]] har yn harren frijheid oantaasten fielden. Binnen inkele dagen soenen yn Fryslân nije [[regearingsreglemint]]en yn wurking trede, mei strangere easken oan de froedskipsleden. De Steaten fan Fryslân wienen bang foar in herhelling fan wat him yn augustus [[1786]] yn de stêd [[Utert (stêd)|Utert]] ôfspile hie: dêr hienen de lanlik gearroppen eksersysjegenoatskippen de prinsgesinde leden fan it stedsregear oan de kant skood. Inkele wiken letter driigde in Pruisyske ynfal en fuortendaliks waarden op guon plakken definsjegenoatskippen oprjochte, want it gewest Hollân woe gjin ekskús oanbiede foar de oanhâlding fan de prinsesse, dy't nei [[Goejanverwelleslûs]] brocht wie. Begjin septimber [[1787]] luts in tsiental rebellearende Fryske Steateleden, ûnder lieding fan [[Court Lambertus fan Beyma]] him werom yn Frjentsjer, neidat Provinsjale Steaten alle steun oan Hollân (en de stêd Utert) ferbean hie. Frjentsjer waard yn steat fan ferdigening brocht. Harns wegere mei te wurkjen en de oanfier fan manskipppen, wapens en munysje fia [[Makkum]] wie gjin súkses. De dissipline wie fier te sykjen, de drank floeide ryklik; stipe fan de befolking kaam der net.
 
Doe't Pruisyske troepen hieltyd fierder oplutsen nei it Noarden, ferlieten de ta wanheap dreaune lieders op sneintemiddei 23 septimber de stêd nei de tsjerketsjinst. De ôftocht ferrûn sa rommelich en yn sân hasten dat se fergeaten de slim belêstende, ûndertekene ''declaratoiren'' (dokuminten) mei te nimmen. (De lieders joegen inoar de skuld en hienen jierren letter noch altyd spul, doe't se yn Frankryk harren weromkomst ôfwachten).
 
De kopstikken binne oer [[Warkum]], wêr't de prinsgesinden de skrik op'e lea jage waard, troch te rôven en te sjitten, oer [[De Lemmer]] of [[Starum]] nei Amsterdam flechten. In inkeling flechtte oer Grins of [[It Amelân]] nei Dútslân, lykas [[Eise Eisinga]]. In tweintichtal patriotten út Frjentsjer waard finzen setten yn it [[blokhûs]] fan Ljouwert en feroardiele. Uteinlik soe ek in tsiental patriotten út [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] de dupe wurde, omdat de rie fan Boalsert as ienige stêd yn Fryslân de ''Pretense Staten'' erkend hienen. Sjoch ek [[De Patriottetiid yn Boalsert]].
 
=== 19e en 20e ieu ===