Potestaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nij stik postaat
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 jan 2007 om 17.29

Fette tekstFryslân Fette tekstwie oars as oars. Yn de tiid tusken Karel de Grutte en 1498 hie Fryslân net in erfhear. De Friezen hienen it rjocht om sels in haad te kiezen. Dize hie de titel fan postestaat. Dit rjocht hienen de Friezen neffens it saneamde Karels privileezje. Dêryn stie dat de Friezen harren eigen haad kieze mochten. Dit Karels privileezje is falsk, mar hat dochs inkele iuwen jilden.
De measte neamde postestaten binne legindaryske figuren. It amt hat nea folle foarsteld. De postestaat hie as bystân in rie. Dizze waard keazen op in lândei, wêr't Eastegoa en Westergoa tegearre in postaat en in rie keazen. Foaral yn de tiid fan Skieringers en de Fetkeapers wie it foar de keizer hast ûnmoochlik om in lândei byinoar te krijgen. Yn Eastergoa hienen de Fetkeapers it foar 't sizzen en yn Westergoa spielen de Skieringers de earste fioele. As it safier kaam, betsjutte dat de keizerlike gesant al syn politike jeften brûke moast om de hearen om 'e tafel te krijen en te hâlden.
Der sels in trijemanskip west as postaat. In Skieringer en in Fetkeaper en net-polityk persoan. Ek sy hawwe der net folle fan terjochte brocht. De Skieringers en de Fetkeapers wienen net fan doel om gear te wurkjen.
Keizer Maximiliaan hat der op 'en doer in ein oan makke troch yn 1498 Albrecht fan Saksen ta erfpostaat te beneamen.