Nederlânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
heb je altijd al een kuttaal willen leren, ga naar Limburg
[[Ofbyld:Map_Dutch_World.png|right|thumb|Gebieten dêr't Nederlânsk praat/erkend is.]]
It '''Nederlânsk''' (''Nederlands'') is in [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeeske]], [[Westgermaanske talen|West-Germaanske]] [[taal]]. Dizze taal wurdt meast sprutsen yn [[Nederlân]], [[Belgje]], [[Suriname]], [[Súd-Afrika]], op de [[Nederlânske Antillen]] en [[Arûba]].
 
It Nederlânsk is tige nau besibbe mei it [[Dútsk]], mar hat ek oerienkomsten mei it [[Ingelsk]]. De taal nimt tusken beide grutte West-Germaanske talen in tuskenposysje yn. Lytsere talen dy't tige mei it Nederlânsk besibbe binnen, binne it [[Afrikaansk]] (dat út it Nederlânsk ûntstean is en oant 1925 noch as in dialekt of fariant fan de taal beskôge waard) en - yn mindere mate - it [[Frysk]] (dat ieuwenlang troch it Nederlânsk hiel bot beynfloede west hat en noch hieltyd beynfloede wurdt).
 
It begjin fan de ûntwikkeling fan it Nederlânsk as in standerttaal is begûn yn de [[17e ieu]] yn de [[Súdlike Nederlannen]], en is nei de [[fal fan Antwerpen]] yn de [[Noardlike Nederlannen]] fierder gongen. Troch dizze ûntwikkeling is de taal meast op de [[Frankysk]]e dialekten basearre.
 
De [[ISO 639]] taalkoades foar it Nederlânsk binne "nl" en "nld". Om't it [[Wikipedy:Wat is Wikipedia|Wikipedia-projekt]] meast, lykas wenst op it [[ynternet]], de twaletterige koades brûkt, wurdt de [[:nl:|Nederlânske Wikipedy]] oantsjut mei de koade "nl:".
 
Oant yn de [[19e ieu]] waard it [[Afrikaansk]] ek sjoen as in foarm fan it Nederlânsk, mar sûnt de [[20e ieu]] wurdt dit as in aparte taal sjoen.
 
== Sjoch ek ==
* [[Nederlânske literatuer]]