Sint Vitus fan Aldehou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
==De parochjegrinzen==
 
Safier as nei te gean is, leinen de parochjegrinzen tusken wat no it fan Harinxmakanaal is, dan gie dy by nei te noarden by Miedum en Wyns lâns nei de Hijumer Feart, dan gie er wer nei it suden lâns de eastlike kant fan de Middelsee. Al de minsken dy’t wennen yn gebied moasten nei Aldehou om nei tsjerke te gean. Foar dy tiid wienen dit tige grutte ôfstannen. Der waarden dan ek ienfâldige kapellen bout. Yn sa’n kapel mocht allinne de mis opdroegen wurde. Begrave en dope moast yn Aldehou barre. Yn eardere tiden mocht der yn it plak sels begroeven wurde. Hjir kamen klachten oer. Foaral yn ‘e winter wie Aldehou net te berikken. < br>
Hjirfoar is in oplossing fûn. Der kamen tsjerken yn it bûtengebiet. De earste is [[Stiens]] west. Ek dêr kaam in St. Vitustsjerke. Under dizze tsjerke foelen Stiens, [[Feinsum]], [[Hijum]], [[Britsum]] en [[Wyns (Tytsjerksteradiel)|Wyns]]. Letter kaam hjir noch by dat as in plak doarpsrjochten hawwe woe,dêr in tsjerke stean moast. Sa krige Stiens dochterstsjerken yn Ljouwerteradiel.
 
==De ynfloed fan Corvey waard minder==