Showroom (tillefyzjeprogramma): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 11:
[[Ofbyld:Coen van Vrijberghe de Coningh.png|thumb|Coen van Vrijberghe de Coningh, de studiopresintator fan 1977 oant 1980]]
Showroom fûn syn oarsprong yn it NCRV-radioprogramma foar it jongerein, 'Halte', wêrfan't Jan Fillekers einredakteur wie en Arnold-Jan Scheer fanôf 1968 reportaazjes makke. De ynterviews foelen op trochdat hja fanôf 1966 eigensinnich, eksintrik, markant folk opspoarden foar in ynterview. Dat brocht Fillekers op it plan in tillevyzjeprogramma mei de namme 'Kijkkijk' (ynstjoering Montreux), mei inkeld en allinne dat slach folk. Hy stelde dit programma foar oan syn baas by de ôfdieling 'Gevarieerd'. Dit programma waard yn 1971 opfolge troch 'D'rop en D'ran'. Beide programma’s wiene tillevyzjefoarrinners fan it lettere Showroom.
Scheer die’tdy’t as freelancer foar de programmas ûndersyk die, makke diel út fan de redaksje dêrfan en makke ynterviews en reportaazjes derfoar. Yn Nieuwe Revu sette hy zyn foarleafde foar bysûnder folk troch mei in eigen rubryk, wernei’t Fillekers him yn 1977 wer frege foar de redaksje fan Showroom.<br>
Showroom begûn earstoan as in grut studioprogramma mei in grutte redaksje (û.o. [[Gerrit den Braber]], [[Rik Felderhof]], [[Hugo Brandt Corstius]] [Piet Grijs], [[Drs. P]] Ben ten Holter). It waard opnommen yn Studio 7 fan it Mediapark as in ferskes- en fariëteeprogramma, in parody op de op dat momint opkommende 'Showbussines'-sjoernalistyk. Coen van Vrijberghe de Coningh wie fan 1977 oant 1980 de studiopresintator.
Omdat Scheer bysûndere types foardragen bleau, wêrút bliek dat de skreaune teksten, spile troch akteurs en kabaretiers, net opwûksen wiene tjsin de reportaazjes út it echte libben en ynterviews mei gewoan folk, gie Showroom fanôf 1980 de studio út en allinne foar reportaazje it lân yn. Henk van der Horst die de beeldrezjy fan dy reportaazjes. Fanôf dat momint bruts it programma troch by it grutte publyk.
Rigel 33:
 
== Nei ôfrin fan de Showroom ==
Yn 1981 neamde Scheer syn boek mei portretten fan bysûndere minsken die’tdy’t hy yn syn libben metten en beskôge hat “Paradijsvogels”, en organisearre in jûn yn Paradiso (Amsterdam): “Paradijsvogels in Paradiso” (waaryn û.o. de samler fan dia's fan tramûngemakken, de Sterke Belg, It “Vuilharmonisch Orkest” (swalkers en dakleazen) en it Frommes mei de oankleide hûntsjes, Grace Maddy) en neamde it sa ûntstiene sjenre: “Naïef Variété”.
De namme “Paradijsvogel” ferrike dêrnei stadichoan hieltyd faker de Nederlânske taal en jûch dy de nije betsjutting fan kleurryk nuver folk. Scheer jûch dizze ek as titel oan it tillevyzjeprogramma “Paradijsvogels” (1992-1996), waarfan hy mei Peter Wingender en Ronald Koopmans produsint (Dreamtime Productions) en makker wie.
Oare sjenre-opfolgers fan Showroom: ''De Stoel'', fan [[Rik Felderhof]], diedy´t redaksjonele bydragen levere hat en in soad ûnderwerpen opspoarre hat troch syn radioprogramma ''Rozengeur en Prikkeldraad'' (1975).
Fierdere troch Showroom ynspirearre ôflaten wiene: ''Man Bijt Hond'' (1998) en de programma's fan Michiel van Erp, ''Lang leve ...'' (2001).