Sarkofaach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Makecat-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.5) (Bot - derby: ka:სარკოფაგი
L wurdkar [[]]
Rigel 3:
In '''sarkofaach''' is in stiennen deakiste. Yn [[Fryslân]] binne 28, út ien stik (meast bûnt- ) [[sânstien]] hakte, deakisten fûn, benammen yn de [[Sânwâlden]]. Dêrfan binne 7 saneamde bernekisten, mooglik net as deakiste brûkt. Bûten Fryslân binne 38 sarkofagen registrearre.
 
It bûnte sânstien komt út de [[Fogezen]], de streamkrite fan de [[Main]]gebiet, de omkriten fan [[Trier]] en wierskynlik fan by de [[Wezer|Boppewezer]]. De kisten kamen meastentiids oer de [[Ryn]], [[Isel]] en [[Sudersee]] nei Fryslân. Dy fan giel Bentheimer sânstien waarden oer de [[Oeriselske Fecht]] en [[Sudersee]] oanfierd.
 
De foarm wiist op houten foarbylden. De âldste kisten binne net fersierd, letter yn de 'gefrijnde' binnenwanden ienfâldige ornaminten. In soad lidden, of stikken dêrfan, binne fûn: net fersierd mei geometrysk ornamint, mei [[Kristendom|kristlike]] [[symboal]]en en mei minsklike figueren. De kiste lei oriïntearre yn de grûn, it lid, teffens sark, egaal mei de oerflakte. Ut fynsten op begraafplakken blykt dat se faker as ien kear brûkt waarden. De [[Plasse|skedels]] fan eardere skeletten leinen dan yn de kiste en de oare bonken derneist.