Dylan Thomas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: ku:Dylan Thomas; tekstwiziging
Rigel 11:
Thomas hâldt en draacht him as in non-konformist: hy drinkt fierstentefolle, hâldt him net oan ôfspraken en klaait him dêr ek neffens. Stik foar stik saken dy't neffens him by it dichterskip heare. Ein 1933 en begjin 1934 skriuwt er sa'n 30 gedichten wêrfan 13 syn earste bondel helje, "18 gedichten". Syn twadde "25 gedichten" komt yn 1936 út, beide binne in súkses. Hy ferfart nei [[Londen]] wêr't er syn lossinnich libben fuortset.
 
11 july 1937 trout Dylan Thomas mei [[Caitlin MacNamara]], in dûnseres ú Ierlân. Se hiere in hûs yn [[Laugharne]] yn Wales. It houlik rekket út en troch yn swier waar troch jildsoargen en de dranksucht fan it stel, mar se bliuwe al byinoar. Se krije twa soannen en in dochter, [[Aeronwy Thomas]].
 
Fan dan ôf leit Thomas him ek ta op proaza. ''The Map of Love'' (1939) hat, neist 16 gedichten, ek 7 ferhalen. In jier letter publisearret er de ferhalebondel ''Portrait of the Artist as a Young Dog'' (yn it Nederlânsk oerset troch [[Hugo Claus]]), it is in autobiografysk wurk.