In Krystliet yn Proaza: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''''In Krystliet yn Proaza''''', better bekend ûnder de oarspronklike Ingelske titel '''''A Christmas Carol''''', is in novelle fan 'e Britske skriuwer...
 
L →‎Plot: + plotbedjer
Rigel 11:
 
As er op dy bitter kâlde krystjûn, persiis sân jier nei't syn lykstimde sakepartner Jacob Marley stoarn is, nei hûs ta giet, wurdt er besocht troch Marley syn geast, dy't no foar ivich in bestraffing yn it hjirneimels ûndergiet. Marley warskôget Scrooge dat er feroarje moat as er net itselde lot ûndergean wol as hysels, en kundiget oan dat Scrooge dy nachts besocht wurde sil troch trije oare geasten.
{{Plotbedjer}}
 
De earste fan dy geasten, de Geast fan it Krystfeest fan it Ferline, nimt Scrooge mei nei krystfoarfallen út syn jonkheid, dy't de âld nepert in tiid tebinnenbringe dat er noch net sa hurdhertich wie. Dêrby wurdt ek ferklearre hoe't Scrooge wurden is sa't er is en wêrom't er sa'n hekel oan 'e kryst hat.