Andorra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ba:Андорра
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 111:
 
Troch ymmigraasje fan Spanjerts, Frânsen en Portegezen wurde de talen fan dizze lannen ek in soad sprutsen yn Andorra. It Katalaansk is foar 38,8% fan de m insken de memmetaal, [[Spaansk]] foar 35,4%, [[Portegeesk]] foar 15% en [[Frânsk]] foar 5,4%. As deistige sprektaal wurdt Katalaansk troch 58,3% fan de minsken brûkt, 37,3% Spaansk, 3,5% Portegeesk en 2,2% Frânsk.<ref>[http://www.iea.ad/cres/observatori/temes/llengua3trimestre2005.htm Llengua catalana], Centre de Recerca Sociològica (sjoen op 18 novimber 2010)</ref>
 
== Ekonomy ==
De toeristenyndustry foarmet de wichtichste boarne fan ynkomsten foar Andorra. Leafst 80% fan it [[GDP]] komt fan de toeristesektor. Yn [[2008]] besochten likernôch 10,2 miljoen toeristen Andorra. <ref>[http://www.estadistica.ad/serveiestudis/web/exportar_banc_dades_csv.asp?formules=anual%7Cinici&any1=01/01/2008&any2=01/01/2008&codi_divisio=380&lang=1&codi_subtemes=59&codi_tema=10 Departament D'Estadistica](sjoen op 28 febrewaris 2013)</ref> De toeristen komme ôf op de belestingfrije steatus fan Andorra en de winter- en simmerakkomodaasjes yn it lân.
 
Ek de bankesektor spilet, fanwegen de steatus fan Andorra as [[belestingparadys]], in wichtige rol yn de ekonomy. De lânbousektor is mei 2% lyts, it measte fiedsel wurdt dan ek ynfiert.
 
Natuerlike boarnen fan Andorra binne [[wetterkrêft elektrisiteit]], mineraal [[wetter]], [[hout]], [[izererts]] en [[lead]].
 
Andorra is gjin lid fan de [[Europeeske Uny]], mar hat wol spesjale bannen hjirmei. Sa wurdt Andorra lyk behannele as it giet om hannel yn eigenmakke produkten mei oare EU-lannen, mar net as it giet oer lânbouprodukten. Fan [[1 july]] [[2013]] ôf mei Andorra harren eigen [[euro]]-munten slaan. Hjirfoar makke it lân ek al gebrûk fan de euro, mar mocht it net harren eigen munten meitsje. Foar de ynfier fan de euro makke Andorra gebrûk fan de muntienheden fan Frankryk en Spanje.
 
{{boarnen|boarnefernijing=