De Lof fan de Healwizens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van nl:Lof der Zotheid naar nl:Lof der zotheid
→‎Eftergrûn: [[]] oars
Rigel 2:
 
==Eftergrûn==
[[File:Hans Holbein d. J. 047.jpg|thumb|upright|[[Erasmus]] yn [[1523]], skildere troch [[HânsHans Holbein de Jongere|Hâns Holbein]].]]
De ynspiraasje foar syn essay die Erasmus op út ''[[De Triumpho Stultitiae]]'' fan 'e [[Itaalje|Italjaanske]] humanist [[Faustino Perisauli]]. Hy skreau ''De Lof fan de Healwizens'' yn in wike tiid, wylst er yn [[Ingelân]] útfanhûze op it bûtenferbliuw Bucklersbury fan syn goede freon [[Thomas More]], al brocht er der letter noch korreksjes, wizigings en tafoegings yn oan. De Latynske titel, ''Moriae Encomium'', is mei sin dûbelsinnich en kin ek lêzen wurde as "De Lof fan More", wêrmei't Erasmus blykber syn freon earje woe. It wurk waard daliks nei de publikaasje al tige populêr, in bytsje ta Erasmus syn ûntsetting, en sels paus [[paus Leo X|Leo X]] fûn it fermaaklik. Noch foar Erasmus syn dea wiene der al withoefolle printingen útferkocht en wie it oerset yn it [[Dútsk]] en it [[Frânsk]]. De earste Nederlânske fertaling ferskynde yn [[1560]].