De Hobbit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf
Rigel 2:
 
==Eftergrûn==
Begjin jierren tritich wurke Tolkien as perfesterprefester [[Angelsaksysk]]e letterkunde oan 'e [[Universiteit fan Oxford]], doe't er op in dei de ynspiraasje fielde om in ferhaal te skriuwen dat begûn mei de sin ''"In a hole in the ground there lived a hobbit"'' ("Yn in hoal yn 'e grûn wenne in hobbit"). Hy foltôge it manuskript oan 'e ein fan [[1932]] en liet it doe lêze troch ferskate freonen, wêrûnder [[C.S. Lewis]]. Fia Elaine Griffiths, in studinte fan Tolkien, bedarre it yn [[1936]] by Susan Dagnall, dy't by de [[útjouwerij]] ''George Allen & Unwin'' wurke, en dy joech it wer troch oan har baas, Stanley Unwin. Unwin liet it lêze troch syn tsienjierrige soan Rayner en doe't dy it in moai ferhaal fûn, besleat Unwin om it út te jaan.
 
''The Hobbit'' kaam op [[21 septimber]] 1937 út by ''George Allen & Unwin'' te [[Londen]] mei in oplage fan 1500 eksimplaren dy't tsjin 'e [[kryst]] al útferkocht wiene. De earste printinge wie foarsjoen fan swart-wyttekenings fan Tolkien sels, dy't ek de omslach ûntwurp. Neitiid kamen der nije edysjes fan it boek út yn desimber [[1937]], [[1938]] (de earste [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] edysje), [[1951]], [[1966]], [[1978]] en [[1995]], mei withoefolle tuskentiidske werprintingen. Ferskate fan 'e eardere edysjes wiene it resultaat fan Tolkien syn lettere korreksjes en oanpassings fan it ferhaal, en de lêste beide (postúm publisearre edysjes) binne foarsjoen fan kommentaar oer de oarsprong, korreksjes en ûntwikkeling fan 'e tekst.