De Hobbit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf
→‎Fryske oersetting: + stikje oer film
Rigel 133:
===Fryske oersetting===
De Fryske oersetting fan ''The Hobbit'' ferskynde yn 2009 ûnder de titel ''De Hobbit, of Dêrhinne en Wer Werom'' by [[Utjouwerij Elikser]] te [[Ljouwert]], mei stipe fan it [[Feitsma Fûûns fwar it Frysk]], de provinsje [[Fryslân]] en de [[Douwe Kalma Stifting]]. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan [[Anne Tjerk Popkema]], dy't der fan [[2000]] ôf by de tiid lâns mei dwaande west hie, sa fertelt er yn syn ''Wurdsje fan 'e Oersetter''. Hy hie dêrby de stipe fan in stikmannich meilêzers, wêrûnder [[Jarich Hoekstra]] en [[Liuwe Westra]], dy't Tolkien syn ''[[Master fan Alle Ringen]]'' oerset.
 
==Film==
Der binne troch de jierren hinne withoefolle adaptaasjes fan ''The Hobbit'' ta oare media makke, mar de bekendste dêrfan sil wêze de [[spylfilm]] ''[[The Hobbit: An Unexpected Journey]]'', in produksje út desimber [[2012]] fan [[Metro-Goldwyn-Mayer]] and [[New Line Cinema]], mei as [[regisseur]] [[Peter Jackson]]. Dizze film is eins de earste yn in [[trilogy]]; diel twa, ''[[The Hobbit: The Desolation of Smaug]]'' en diel trije, ''[[The Hobbit: There and Back Again (film)|The Hobbit: There and Back Again]]'', sille, ynsafier't op dit stuit (maart 2012) bekend is, útbrocht wurde oan 'e ein fan [[2013]], resp. mids [[2014]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=