De Hobbit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Fryske oersetting: + stikje oer film
L →‎Plot: + plotbedjer
Rigel 8:
==Plot==
It ferhaal spilet yn in net neier oantsjutte (en optochte) oertiid fan ús wrâld tusken de opkomst fan 'e it feeëryk en de hearskippij fan 'e [[minske]]. De hobbit Bilbo Balsma kriget ûnferwachts de [[tsjoender]] Gandalf en trettjin [[dwerch (mytysk wêzen)|dwergen]] te gast, mei dêrûnder Thorin Ekenskyld, de ôfstammeling fan keningen. Gandalf, oan wa't Bilbo foarôf al kunde hie, hellet in skatkaart foar 't ljocht en wol dat de hobbit mei giet om 'e draak Smûch, ûnder de Ienlike Berch, fier nei it easten, in dwergeskat te ûntnaderjen. Bilbo sjocht dêr earst hielendal neat yn, mar de tsjoender kriget him manipulearjenderwize dochs safier.
{{Plotbedjer}}
 
Fyftjinresom reizgje se troch wylde lannen, dêr't Gandalf it selskip rêdt fan [[trol]]len, om úteinlik yn 'e [[elf (mytysk wêzen)|elfske]] delsetting Riedelle te bedarjen, dêr't Elrond de Healelf mear geheimen fan 'e skatsikerskaart oan 't ljocht bringt. Se stekke de Diisbergen oer, mar oare kant de berchpas komme [[ierdman]]nen harren oer it mad en wurde se de grotten yn dreaun. Hoewol't Gandalf harren fannijs rêdt, ferliest Bilbo op harren flecht foar de ierdmannen de oaren út it each. Yn 'e tsjustere tunnels rekket er alhiel paadbjuster, mar dan fynt er by tafal, of sa liket it alteast, in mysterieuze ring. Koart dêrnei rint er it nuvere wêzen Gollum tsjin it liif, dat mei him in riedlingspul oangiet. As beleanning foar it jaan fan alle goede antwurden sil Gollum Bilbo it paad út 'e tunnels wize, mar as de hobbit in flater makket, mei Gollum him deameitsje en opfrette. Uteinlik freget Bilbo Gollum wat er yn syn bûse hat (de ring), en dêr moat Gollum it antwurd op skuldich bliuwe, dat it wêzen begjint him nei boppen en nei bûten ta te lieden, mar dan falt it antwurd him ynienen yn (want hy is it, dy't de ring ferlern hat), en sil er op Bilbo oanfalle. Op datseldichste stuit, lykwols, glidet de ring Bilbo om 'e finger en kin Gollum him net mear sjen. It duorret eefkes ear't de hobbit foar it ferstân kriget dat de ring him ûnsichtber makket, mar as er dat ienris snapt, brûkt er it om ierdmannen nei bûten ta folgjen en op dy manear út 'e tunnels te ûntkommen. Hy jout him wer by Gandalf en de dwergen en mei-inoar ûntflechtsje se de bergen. Se wurde opjage troch de ierdmannen, mar wurde rêden troch earnen en bekomme neitiid yn it hûs fan 'e [[stalwikselder]] Beorn.