Abe Lenstra Stadion: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Fasiliteiten: [[]] oars
No edit summary
Rigel 18:
 
==Skiednis==
Yn 1990 ûntstienen op It Hearrenfean de earste plannen foar in nij te bouwen fuotbalstadion doe't de gemeente mei plannen kaam om op it plak fan Sportpark Noard in psychiatrysk sikehûs te bouwen.<ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Dy plannen kamen SK It Hearrenfean net ferkeard út. Troch de groei fan de klup fan begjin jierren tachtich ôf op kommersjeel flak, mar ek troch it stiigjende tal besikers, wie de need foar it renovearjen en ferbouwen fan it sportpark heultiid grutter wurden.<ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 10</ref>
Oan it begjin fan de jierren ’90 waard dúdlik dat it âlde [[Sportpark Noard]] te lyts waard foar de ambysjes fan It Hearrenfean. Sa dwaande waard besluten in nij stadion te bouwen. De arsjitekten Sjoerd Ybema en Gerry Meagher hellen ynspiraasje op út it stadion fan [[Honkbal|honkalklub]] de [[New York Yankees]]. Yn it begjin wie der sprake fan fjouwer losse tribunes, mar al gau kamen se der efter dat it stadion dan net grut genôch wêze soe. Sadwaande waard mei de bou al besluten dat de hoeken ticht makke wurde moasten. It jild foar dizze hoeken waard opbrocht troch fjouwer rike sakelju.
 
Twa jier letter leinen de earste plannen al op tafel. Oan de eastkante fan de Rykswei 32 (sûnt [[2000]], doe't de dyk fjouwerbaans waard leit it stadion oan de westkante fan de Rykswei) moast it nije stadion komme.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref> It plan fan de arsjitekten, dy't ideeën opdien hienen yn it honkbalstadion fan de [[New York Yankees]], bestie út in stadion mei fjouwer losse tribunes, dus mei iepen hoeken.<ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 12</ref><ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref>. In jier letter, yn [[1993]] wie it dan safier, de gemeenterie fan It Hearrenfean stimde yn mei it nij te bouwen stadion en op 1 oktober fan datselde jier gie de earste peal de grûn yn.<ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 10</ref>
De earste peal gie op [[1 oktober]] [[1993]] de grûn yn en waard slein troch doetiids [[KNVB]]-foarsitter [[Jos Staatsen]]. De earste stien waard lein troch [[Riemer van der Velde]] op [[14 maart]] [[1994]]. Al op [[20 augustus]] 1994 koe de earste wedstriid yn it stadion spile wurde.
 
De iepeningswedstriid hie op [[22 augustus]] [[1994]] plak tsjin [[PSV]] út [[Eindhoven]]. Foar de oefenwedstriid ferjocht de doedestiids noch [[Prins Willem-Alexander]] de ôftraap. Ek waard op dy dei it stânbyld fan Abe Lenstra, dat troch haadsponsor [[Batavus]] oanbean waard, troch syn frau Hill Lenstra en dochters Metteke en Janneke ûntbleate.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>