Ferskil tusken ferzjes fan "Abe Lenstra Stadion"

Noch tidens de bou waarden de plannen foar it stadion alwer oanpast. Guon minsken fûnen dat ek de hoeken tichboud wurde moasten. De klup sels hie de sinten hjir net foar, dat in groep sakelju, besteande út [[Riemer van der Velde]], [[Lippe Lap]], [[Klaas Oenema]] en [[Klaas de Leeuw]], soarge derfoar dat de sinten, 2,4 miljoen [[gûne]] (likernôch 1 miljoen [[euro]]) yn totaal, der kamen.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref><ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Mei dizze sinten kamen de totale kosten foar it stadion op rom 22 miljoen gûne (likernôch 10 miljoen euro).<ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Dit jild kaam ûnder oare byelkoar troch de ferkeap fan de grûn fan Sportpark Noard foar 4 miljoen gûne, 3 miljoen fan de gemeente, 4 miljoen fan bedriuwen en partikulieren en de klup sels betelle 3 miljoen gûne mei.<ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11</ref>
 
Op [[1 oktober]] [[1993]] waard de earste peal slein troch [[Jos Staatsen]], doedestiids foarsitter fan de [[KNVB]], en op [[14 maart]] [[1994]] waard de earste stien lein troch foarsitter fan SK It Hearrenfean, [[Riemer van der Velde]].<ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Troch de goeietreflike organisaasje fan de bou koe it stadion al op [[15 july]] yn plak fan [[1 oktober]] oplevere wurde troch boubedriuw [[Van Wijnen Holding N.V.|Van Wijnen]].<ref>Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 12</ref>
 
== Iepening ==
7.155

bewurkings