Ferskil tusken ferzjes fan "Abe Lenstra Stadion"

Yn de rin fan de tiid is it Abe Lenstra Stadion net allinnich brûkt troch SK It Hearrenfean. Sa waard yn [[1995]] yn it ramt fan it [[Frysk Festival]] it tonielstik [[Abe!]] troch [[Tryater]] opfiert yn it stadion.<ref>[http://www.trouw.nl/tr/nl/5009/Archief/archief/article/detail/2747376/1995/03/20/Voetballegende-Abe-Lenstra-als-theaterspektakel-in-een-stadion.dhtml Voetballegende Abe Lenstra als theaterspektakel in een stadion], Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> Yn it tonielstik waard ûnder oare de legendaryske wedstriid tusken SK It Hearrenfean en Ajax fan [[7 maaie]] [[1950]] neispiele.<ref>[http://www.trouw.nl/tr/nl/5009/Archief/archief/article/detail/2747376/1995/03/20/Voetballegende-Abe-Lenstra-als-theaterspektakel-in-een-stadion.dhtml Voetballegende Abe Lenstra als theaterspektakel in een stadion], Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> Yn dizze wedstriid stie It Hearrenfean nei in oere mei 1-5 efter, mar wisten hja dochs noch mei 6-5 te winnen.<ref>[http://www.feantastisch.nl/historie/vv-heerenveen-ajax-6-5/ vv Heerenveen - Ajax 6-5], Feantastisch.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> De rol fan de jonge Abe waard spile troch [[Ronnie Pander]], dy't yn dy tiid by de jongerein fan It Hearrenfean spile.<ref>[http://www.trouw.nl/tr/nl/5009/Archief/archief/article/detail/2755593/1995/05/09/De-nieuwe-Abe-Lenstra-moet-nog-flink-oefenen.dhtml De 'nieuwe' Abe Lenstra moet nog flink oefenen], Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref>
 
Op [[6juny6 juny]] [[1997]] hâld [[popmuzyk|popgroep]] [[De Kast]] in konsert yn it stadion. Likernôch 12.000 minsken wienen by it barren oanwêzich.<ref>[http://www.dekast.nl/biografie/ Biografie], DeKast.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref>
 
Yn [[2007]] waard it stadion brûkt foar it EK foar spilers ûnder de 21 jier en guon kwalifikaasjewedstriden dêrfan. Yn ûndersteande tabel steane de wedstriden wêryn it Abe Lenstra stadion foar dit evenemint brûkt waard:
7.155

bewurkings