Tsjêbbe Hettinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
oersetter
Rigel 8:
Yn [[1971]] ferskynde syn earste literêre wurk en hy krige dêrfoar de [[Rely Jorritsmapriis]]. Yn 2001 wûn Hettinga de meast wichtige priis foar Fryske literatuer, de [[Gysbert Japicxpriis]].
 
Hettinga syn wurk is oerset yn it [[Nederlânsk|Hollânsk]], [[Ingelsk]], [[Dútsk]], [[Frânsk]] en [[Spaansk]]. Hettinga krige in protte lanlik omtinken fanwege syn foardracht op de ''[[Frankfurter Buchmesse]]'' yn oktober 1993. Omdat Tsjêbbe sokke minne eagen hie docht er alles út'e holle, wêrby't hy safolle mooglik lading oan it wurk joech troch it brûken fan syn stim. Syn poëzij giet in soad oer it lânskip om him hinne, mar ek oer [[Wales]] en [[Grikelân]].
 
Hy joech optredens foar ynternasjonale festivals lykas it ''Festival Internacional de Poesía de Medellín'' ([[Kolombia]]), it "Poetry International Festival" yn Rotterdam, de ''Barcelona Book Fair'' (Spanje), de ''Writers' Week'' yn Listowel ([[Ierlân]]) en it ''London Festival of Literature'' ([[Grut-Brittanje]]).
Rigel 16:
Op 7 maart 2013 ferstoar Hettinga yn 'e âldens fan 64 jier yn Ljouwert. Hettinga wie al in skoft siik, hy hie [[kanker]].<ref>[http://omropfryslan.nl/nijs/tsjebbe-hettinga-ferstoarn "Tsjêbbe Hettinga ferstoarn" Omrop Fryslân, 7 maart 2013]</ref>
 
== BibliografyWurk ==
Hettingas wurk is oerset yn it [[Nederlânsk|Hollânsk]], [[Ingelsk]], [[Dútsk]], [[Frânsk]] en [[Spaansk]]. Sels sette er wurk fan [[Dylan Thomas]], [[Derek Walcott]] en [[Walt Whitman]] oer yn it Frysk.
 
=== Poëzij ===
* ''Yn dit lân'' (1973)