Tsjêbbe Hettinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oersetter
L [[]] en sa
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tsjebbe Hettinga.jpeg|thumb|right|Hettinga op 9 novembernovimber 2008]]
 
'''Tsjêbbe Hettinga''' ([[Burchwert]], [[15 jannewaris]] [[1949]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[7 maart]] [[2013]]) wie in [[Frysk]]e [[dichter]], [[sjonger]] en [[saksofoan]]ist.
Rigel 10:
Hettinga krige in protte lanlik omtinken fanwege syn foardracht op de ''[[Frankfurter Buchmesse]]'' yn oktober 1993. Omdat Tsjêbbe sokke minne eagen hie docht er alles út'e holle, wêrby't hy safolle mooglik lading oan it wurk joech troch it brûken fan syn stim. Syn poëzij giet in soad oer it lânskip om him hinne, mar ek oer [[Wales]] en [[Grikelân]].
 
Hy joech optredens foar ynternasjonale festivals lykas it ''Festival Internacional de Poesía de Medellín'' ([[Kolombia]]), it "Poetry International Festival" yn Rotterdam, de ''Barcelona Book Fair'' (Spanje), de ''Writers' Week'' yn [[Listowel]] ([[Ierlân]]) en it ''London Festival of Literature'' ([[Grut-Brittanje]]).
 
Op 8 jannewaris 2006 waard troch de '[[VPRO]] in dokumintêre oer it libben fan Tsjêbbe Hettinga útstjoerd. Dêrfoar hat [[Pieter Verhoeff]] de dichter twa jier lang folge. De film ferskynde ek yn it [[Ingelsk]].