Abe Lenstra Stadion: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 39:
It Abe Lenstra Stadion hat yn har koarte skiednis al in stikmannich ferbouwings hân. De earste ferbouwing fûn einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken. Yn [[1996]], [[1997]] en [[2000]] fûnen der ferbouwing plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn [[2001]].<ref>Voetbal International (2001). ''Voetbal International, seizoengids 2001/2002''. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam</ref> By de ferbouwing fan 1996 waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje.<ref>Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Nij de ferbouwing fan 1997 wie der ek romte foar de Pronkkeamer, it museum fan SK It Hearrenfean.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref>
 
Yn [[2004]] waard yn it ramt fan [[Sportstêd It Hearrenfean]] begûn mei in grutte ferbou, en om it stadion hinne nijbou, fan it Abe Lenstra Stadion. Yn ferskate fazes waard it stadion stadichoan útwreide fan likernôch 14.500 plakken nei yn totaal 25.5000 plakken.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreiding stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 13 maart 2013)</ref> . Mei it slaan fan de earste peal troch [[Kommissaris fan de Keninginne]] [[Ed Nijpels]] op [[19 juny]] [[2003]] waard begûn mei de earste faze, it útwreidzjen fan de eastkante fan it stadion.<ref>[http://www.sportstad.nl/de-historie De historie], Sportstad.nl (sjoen op 13 maart 2013)</ref> De twadde faze bestie út it útwreidzjen fan de súdtribune en as lêste waard de noardtribune útwreide. Der kamen yn totaal 1.500 plakken foar spoansers by en 9.500 foar de supporters.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref>
Yn [[2002]] waad begûn mei de bou fan it projekt Sportstêd It Hearrenfean. Hjirmei waard de kapasiteit fan it stadion ferdûbele fan 14.500 sitplakken nei in totaal fan 26.800 plakken, wêrfan 1.000 steanplakken.
 
Dêrnei waarden yn 2007 en 2008 yn de hoeken oan de westkante fan it stadion noch lytse oanpassings dien, wêrtroch de ynhâld fan it stadion tanaam oant 26.100 plakken.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref>
 
Op [[8 novimber]] [[2007]] sette SK It Hearrenfean in artikel op harren webstee oer it mooglik noch fierder útwreidzjen fan it stadion. Dit yn it ramt fan it [[WK fuotbal]] yn [[2018]] dat mooglik yn [[Nederlân]] en [[Belgje]] hâlden wurdt. De KNVB hat de Sportklub en de gemeente Hearrenfean al frege hoe't dizze partijen tsjinoer dizze plannen stean. Mocht dit allegear trochgean dan wurdt it stadion noch fierder útwreide nei likernôch 40.000 oant 45.000 sitplakken.