Piter Dekema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nij side Piter Dekema

Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Piter {fan} Dekema''' [[Weidum]] ? – [[Ljouwert]] [[1568]], bestjoerder, jurist en ferfeaner.

Fan de jonge jierren fan Piter Dekema is net safolle bekend. Hy is syn heit Hette opfolge as [[grytman]] fan [[Baarderadiel]]. Oan syn dea ta wie hy in trou oanhinger fan [[Karel V]] en [[Philips II]].. Yn [[1524]] beleane Karel V troch him de titel fan [[ridder]] te jaan.

Hy wie troud mei [[Catharina van Loo]]. Nei’t der sein wurdt hie it pear 16 bern.

==Riedshear fan it [[Hof fan Fryslân]]==
Piter Dekema moat in kundich jurist west hawwe. Hy waard riedshear fan it Hof fan Fryslân. Om’t hy troch alles it Spaanske[[Spanje|spaanske]] bewâld folge, hat ek in rol spile yn de prosessen tsjin har dy’t oars oer it leauwe tochten. Dit hat him fijannen oplevere.

Piter Dekema moat in kundich jurist west hawwe. Hy waard riedshear fan it Hof fan Fryslân. Om’t hy troch alles it Spaanske bewâld folge, hat ek in rol spile yn de prosessen tsjin har dy’t oars oer it leauwe tochten. Dit hat him fijannen oplevere.

==Folmacht==
Yn de Spaanske tiid hie it Hof fan Fryslân in politike funksje. De rjochters dienen ek it wurk fan de lettere [[Deputearre Steaten]]. Dat dienen se as folmacht. Piter Dekema hat him foaral dwaande holden mei wat wy no wettersteatssaken neame soenen. By [[Grou]] hat er it [[Woltmansdjip]] grave litten. Fierders hat hy dwaande west mei de haven fan [[Teakesyl]].

Yn de Spaanske tiid hie it Hof fan Fryslân in politike funksje. De rjochters dienen ek it wurk fan de lettere Deputearre Steaten. Dat dienen se as folmacht. Piter Dekema hat him foaral dwaande holden mei wat wy no wettersteatssaken neame soenen. By [[Grou]] hat er it [[Woltmansdjip]] grave litten. Fierders hat hy dwaande west mei de haven fan [[Teakesyl]].

==Ferfeaner==
Yn [[Hollân]] rekke de [[turf]] op. Yn [[Fryslân]] wie de grutte ferfeaning eins noch net op gong kommen. It measte fean dat ôfgroeven waard, wie foar eigen gebrûk. Piter Dekema seach brea yn de ferfeanterij. Mei [[Utert (stêd)|Utertske]] hearen [[Foets]] en [[Cuyck]] rjochte hy de [[Skoaterlânske Kompenije]] op. Dizze kompenije wurdt no noch troch saakkundigen sjoen as modelûndernimming . Doe’t it fean ôfgroeven wie, is het plak [[It Hearrenfean]] ûnstien.

Yn Hollân rekke de turf op. Yn Fryslân wie de grutte ferfeaning eins noch net op gong kommen. It measte fean dat ôfgroeven waard, wie foar eigen gebrûk. Piter Dekema seach brea yn de ferfeanterij. Mei Utertske hearen Foets en Cuyck rjochte hy de Skoaterlânske Kompenije op. Dizze kompenije wurdt no noch troch saakkundigen sjoen as modelûndernimming . Doe’t it fean ôfgroeven wie, is het plak [[It Hearrenfean]] ûnstien.

Yn [[Opsterlân]] is hy ek noch foar himsels begûn yn wat it [[Jonkerslân]] neamd is. Hy krige hjirby ek stipe fan sweager [[Boudewijn van Loo]].
De ûndernimming is yn [[1551]] begûn yn de gritenijen [[Skoatterlân]] en [[Eanjewier]].

Piter Dekema waard sa ien fan de rykste minsken yn Fryslân. Syn amten leveren him al gâns jild op en dêr kamen de ynkomsten út de ferfeanterij noch by.

==Syn ferstjerren==
Yn [[1568]] is Piter Dekema ferstoarn. Hy waard begroeven yn de [[St. Vitus fan Aldehou]]. Syn frou Catharina van Loo is yn [[1572]] ferstoarn. Op haren grêf is in bysûnder moaie stien pleatst. Dizze is letter weirekke, Doe’t begraafplak sletten wie, waard dêr in skoalle boud. De stien is doe weromfûn. Der is besletten om de stien yn te mitseljen oan de súdkant fan de [[Aldehou]]. Dêr is dy no noch te besjen.

Yn 1568 is Piter Dekema ferstoarn. Hy waard begroeven yn de [[St. Vitus fan Aldehou]]. Syn frou Catharina van Loo is yn 1572 ferstoarn. Op haren grêf is in bysûnder moaie stien pleatst. Dizze is letter weirekke, Doe’t begraafplak sletten wie, waard dêr in skoalle boud. De stien is doe weromfûn. Der is besletten om de stien yn te mitseljen oan de súdkant fan de [[Aldehou]]. Dêr is dy no noch te besjen.

==De huzen fan Piter Dekema==
Yn [[Weidum]] hie Piter Dekema syn ‘stamslot’ [[Dekemastate. (Jelsum)|Dekemastate]]. Yn [[Jelsum]] wie hy mei-eigener fan Dekemastate.. Dit sil eins oan in oare staach fan de Dekema’s taheard hawwe.

Yn [[Weidum]] hie Piter Dekema syn ‘stamslot’ Dekemastate.. Yn [[Jelsum]] wie hy mei-eigener fan Dekemastate.. Dit sil eins oan in oare staach fan de Dekema’s taheard hawwe.

===It Ljouwerter Dekemahûs===
Boudewijn van Loo, Piter Dekema syn sweager, liet in deftich hûn bouwe oan de Iewâl, no it Hofplein,. Oan de súdkant dêrfan liet Piter Dekema foar himsels it [[Dekemahûs]] bouwe. Doe’t de steedhâlder [[Willem Loadewyk]] yn [[1587]] troude mei [[Anna fan Oranje]] fûnen de Steaten dat harren steedhâlder in amtwent hawwe moast dy’t paste by syn weardichheid en dy fan syn frou. Fan de ergenamten kochten se dêrom it hûs, dat Boudewijn van Loo bouwe litten hie, en it Dekemahûs oan as amtswent foar Willem Loadewyk. Oant [[1795]] hawwe de steedhâlders der wenne. Nei de Frânske tiid hat kening [[Willem I]] it hûs kocht en is oant de sechtiger jierren de foarige iuw keninklik paleis bleaun. Dêrnei hat de gemeente [[Ljouwert]] it brûkt as kantoar fan de wethâlders. No is it in hotel.

Boudewijn van Loo, Piter Dekema syn sweager, liet in deftich hûn bouwe oan de Iewâl, no it Hofplein,. Oan de súdkant dêrfan liet Piter Dekema foar himsels it Dekemahûs bouwe. Doe’t de steedhâlder [[Willem Loadewyk]] yn 1587 troude mei [[Anna fan Oranje]] fûnen de Steaten dat harren steedhâlder in amtwent hawwe moast dy’t paste by syn weardichheid en dy fan syn frou. Fan de ergenamten kochten se dêrom it hûs, dat Boudewijn van Loo bouwe litten hie, en it Dekemahûs oan as amtswent foar Willem Loadewyk. Oant 1795 hawwe de steedhâlders der wenne. Nei de Frânske tiid hat kening [[Willem I]] it hûs kocht en is oant de sechtiger jierren de foarige iuw keninklik paleis bleaun. Dêrnei hat de gemeente Ljouwert it brûkt as kantoar fan de wethâlders. No is it in hotel.

===De Huzumer Dekemastate===
Dekemastate lei tsjin de grins mei Ljouwert oan Dekemastate hat oan de Skrâns lein, neist it lettere gemeentehûs fan [[Ljouwerteradiel]]. It waard it [[Ald Hôf]] neamd. Piter Dekema hat dêr ek wenne. Yn [[1578]] wenne dêr [[Julius Dekema|Juw (Julius) Dekema]]. Wis is it net, mar der wurdt tocht dat hy in soan Piter wie. Hy wie ek riedshear by it Hof fan Fryslân. Hy wie ek in fûleindich stiper fan it Spaanske bewâld. Yn [[1578]] wie it Ljouwerter stedsbestjoer dwaande om it heft yn eigen hannen te nimmen. Foar’t de tsjerken skjinmakke waarden, hat de mannichte earst hûsholden by Dekemastate. It hôf is kappe wurden. It stedsbestjoer wie bang dat de fijannelike troepen Dekemastate brûke koenen as se de stêd belegerje soenen. Yn [[1580]] krige de stêd tastimming fan Hof fan Fryslân om de state ôf te brekken.

OP het plak is der letter in pleats delsetten om de stim fan Dekemastate te behâlden. Om [[1900]] hinne is dizze pleats ôfbrutsen. Der is doe in tsjerke op it terrein bout. Letter is it in garaazje wurden. Dy is ek wer ferdwûn en no is in part fan in wenkompleks. De strjitnamme Hofstrjitte hâldt it Ald Hôf noch yn oantinken.
Dekemastate lei tsjin de grins mei Ljouwert oan Dekemastate hat oan de Skrâns lein, neist it lettere gemeentehûs fan [[Ljouwerteradiel]]. It waard it Ald Hôf neamd. Piter Dekema hat dêr ek wenne. Yn 1578 wenne dêr Juw (Julius) Dekema. Wis is it net, mar der wurdt tocht dat hy in soan Piter wie. Hy wie ek riedshear by it Hof fan Fryslân. Hy wie ek in fûleindich stiper fan it Spaanske bewâld. Yn 1578 wie it Ljouwerter stedsbestjoer dwaande om it heft yn eigen hannen te nimmen. Foar’t de tsjerken skjinmakke waarden, hat de mannichte earst hûsholden by Dekemastate. It hôf is kappe wurden. It stedsbestjoer wie bang dat de fijannelike troepen Dekemastate brûke koenen as se de stêd belegerje soenen. Yn 1580 krige de stêd tastimming fan Hof fan Fryslân om de state ôf te brekken.

OP het plak is der letter in pleats delsetten om de stim fan Dekemastate te behâlden. Om 1900 hinne is dizze pleats ôfbrutsen. Der is doe in tsjerke op it terrein bout. Letter is it in garaazje wurden. Dy is ek wer ferdwûn en no is in part fan in wenkompleks. De strjitnamme Hofstrjitte hâldt it Ald Hôf noch yn oantinken.