Piter Dekema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Piter {(fan}) Dekema''' [[Weidum]] ? – [[Ljouwert]] [[1568]], bestjoerder, jurist en ferfeaner.
 
Fan de jonge jierren fan Piter Dekema is net safolle bekend. Hy is syn heit Hette opfolge as [[grytman]] fan [[Baarderadiel]]. Oan syn dea ta wie hy in trou oanhinger fan [[Karel V]] en [[Philips II]]. Yn [[1524]] beleane Karel V troch him de titel fan [[ridder]] te jaan. <br>
Rigel 5:
 
==Riedshear fan it [[Hof fan Fryslân]]==
Piter Dekema moat in kundich jurist west hawwe. Hy waard riedshear fan it Hof fan Fryslân. Om’t hy troch alles it [[Spanje|spaanske]] bewâld folge, hat ek in rol spile yn de prosessen tsjin har dy’t oars oer it leauwe tochten. DitDat hat him fijannen oplevere.
 
==Folmacht==
Rigel 11:
 
==Ferfeaner==
Yn [[Hollân]] rekke de [[turf]] op. Yn [[Fryslân]] wie de grutte ferfeaning eins noch net op gong kommen. It measte fean dat ôfgroeven waard, wie foar eigen gebrûk. Piter Dekema seach brea yn de ferfeanterij. Mei [[Utert (stêd)|Utertske]] hearen [[Foets]] en [[Cuyck]] rjochte hy de [[Skoaterlânske Kompenije]] op. Dizze kompenije wurdt no noch troch saakkundigen sjoen as modelûndernimming . Doe’t it fean ôfgroeven wie, is het plak [[It Hearrenfean]] ûnstien. <br>
Yn [[Opsterlân]] is hy ek noch foar himsels begûn yn wat it [[Jonkerslân]] neamd is. Hy krige hjirbydêrby ek stipe fan sweager [[Boudewijn van Loo]].
De ûndernimming is yn [[1551]] begûn yn de gritenijen [[Skoatterlân]] en [[Eanjewier]]. <br>
Piter Dekema waard sa ien fan de rykste minsken yn Fryslân. Syn amten leveren him al gâns jild op en dêr kamen de ynkomsten út de ferfeanterij noch by.
 
==Syn ferstjerren==
Yn [[1568]] is Piter Dekema ferstoarn. Hy waard begroeven yn de [[St. Vitus fan Aldehou]]. Syn frou Catharina van Loo is yn [[1572]] ferstoarn. Op harenharren grêf is in bysûnder moaie stien pleatst. DizzeDy is letter weirekke, Doe’t it begraafplak sletten wie, waard dêr in skoalle boud. De stien is doe weromfûn. Der is besletten om de stien yn te mitseljen oan de súdkant fan de [[Aldehou]]. Dêr is dy no noch te besjen.
 
==De huzen fan Piter Dekema==
Rigel 26:
 
===De Huzumer Dekemastate===
Dekemastate lei tsjin de grins mei Ljouwert oan Dekemastate hat oan de Skrâns lein, neist it lettere gemeentehûs fan [[Ljouwerteradiel]]. It waard it [[Ald Hôf]] neamd. Piter Dekema hat dêr ek wenne. Yn [[1578]] wenne dêr [[Julius Dekema|Juw (Julius) Dekema]]. Wis is it net, mar der wurdt tocht dat hy in soan Piter wie. Hy wie ek riedshear by it Hof fan Fryslân. Hy wie ek in fûleindich stiper fan it Spaanske bewâld. Yn [[1578]] wie it Ljouwerter stedsbestjoer dwaande om it heft yn eigen hannen te nimmen. Foar’t de tsjerken skjinmakke waarden, hat de mannichte earst hûsholden by Dekemastate. It hôf is kappe wurden. It stedsbestjoer wie bang dat de fijannelike troepen Dekemastate brûke koenen as se de stêd belegerje soenen. Yn [[1580]] krige de stêd tastimming fan Hof fan Fryslân om de state ôf te brekken. <br>
OPOp hetdat plak is der letter in pleats delsetten om de stim fan Dekemastate te behâlden. Om [[1900]] hinne is dizzedy pleats wer ôfbrutsen. Der is doe in tsjerke op it terrein boutboud. Letter is it in garaazje wurden. Dy is ek wer ferdwûn en no is it in part fan in wenkompleks. De strjitnamme Hofstrjitte hâldt it Ald Hôf noch yn oantinken.