Abe Lenstra Stadion: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 50:
Op [[28 july]] [[2009]] makke de fuotbalklup bekend it stadion fierder útwreide te wollen mei 6.000 plakken oant 32.100.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/sc-heerenveen-start-ambitieus-aan-seizoen/10 sc Heerenveen start ambitieus aan seizoen], sc-heerenveen.nl (sjoen op 13 maart 2013)</ref> By de nije ferbouwing soe rekkenskip hâlden wurde mei it mooglik noch fierder útwreidzjen oant 44.000 sitplakken foar it WK fan 2018. De ferbouw soe plak fine moatte oan de westkante fan it stadion.<ref>[http://www.trouw.nl/tr/nl/4508/Sport/article/detail/1152454/2009/07/30/Heerenveen-wil-Abe-Lenstra-Stadion-uitbreiden.dhtml Heerenveen wil Abe Lenstra Stadion uitbreiden], Trouw.nl (sjoen op 13 maart 2013)</ref> Begjin 2010 wie de gemeente It Hearrenfean al útein setten mei de prosedures foar de útbou en yn it foarjier fan 2010 soe de ferbou begjinne kinne.<ref>[http://www.heerenveensecourant.nl/profile/RedactieHeerenveen/article97857.ece/gemeente_start_procedures_uitbreiding_abe_lenstrastadion Gemeente start procedures uitbreidings Abe Lenstra stadion], HeerenveenseCourant.nl (sjoen op 8 novimber 2010)</ref><ref>[http://www.nu.nl/sport/2051168/heerenveen-wil-abe-lenstra-stadion-uitbreiden.html Heerenveen wil Abe Lenstra Stadion uitbreiden], Nu.nl (sjoen op 8 novimber 2010)</ref> Uteinlik liet de klup de ferbouwing net troch gean. Op [[28 oktober]] [[2010]] makke SK It Hearrenfean op harren eigen hiemside bekend dat de ferbou fan it stadion útsteld waard. Neffens de klup is dizze kar makke fanwegen de ekonomyske sitewaasje fan dy tiid, de swierrichheden yn it Nederlânske betelle fuotbal en de finansjele sitewaasje fan de klup sels.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/pageid=557/articleid=22766/showHistory=true/Voorlopig_geen_uitbreiding_Abe_Lenstra_stadion.html Voorlopig geen uitbreiding Abe Lenstra stadion], sc-Heerenveen.nl (sjoen op 8 novimber 2010)</ref>
 
Yn [[maart]] [[2012]] makke Hearrenfean-foarsitter [[Robert Veenstra]] by [[Omrop Fryslân]] bekend dat yn de simmer fan 2012 de gracht oan de eastkante fan it stadion tichtboud wurde soe.<ref>[http://www.feantastisch.nl/uitbreiding-abe-lenstra-stadion-deze-zomer/ Uitbreiding Abe Lenstra stadion deze zomer], Feantastisch.nl (sjoen op 15 maart 2013)</ref> Dit soe 1.000 ekstra plakken opsmite moatte. Dêrnei soene ek de grêften by de noard- en súdtribune tichtboud wurde. Oant no ta hat de ferbou noch net plak hân.
Yn april 2012 waard dúdlik dat de direksje mear útwreide woe. Yn de simmer fan dat jier kamen der sa'n 1000 sitplakken by.
 
==Eveneminten==