Richard III (toanielstik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + kat
red, no ja, eins nijskreaune side, want der stiene mar 3 regels tekst op
Rigel 1:
[[File:Richardthird.jpg|thumb|Titelside fan de'e earste printinge.]]
'''''Richard III''''', nei it [[Ingelsk]]e stik mei deselde namme (folút: ''The Tragedy of King Richard III''), is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. Hoewol't it ûnder it wurk fan Shakespeare ornaris ta de histoaryske stikken rekkene wurdt, is it kwa sjenre in [[trageedzje]]. It ferhellet fan it libben en it regear fan 'e Ingelske kening [[Richard III fan Ingelân|Richard III]] (reg. [[1483]]-[[1485]]), fan wa't Shakespeare net folle hiel lit. Men is fan tinken dat it skreaun wêze moat yn [[1591]] of dêromhinne. De [[Frysk]]e oersetting is fan [[Douwe Kalma]].
'''Richard III''' is in stik fan [[William Shakespeare]], wêryn't kening [[Richard III fan Ingelân]] de haadpersoan is. It stik begjint mei de ferneamde taspraak fan Richard III: "Dit is de winter fan ús ûntefredenens..." De taspraak lei de ôfgeunst en ambysjes fan Richard bleat foar syn broer [[Edward IV fan Ingelân]] oer, dy't it lân mei sukses regeart.
 
==Eftergrûn==
Yn [[1989]] brocht [[Tryater]] in Fryske ferzje fan Richard III op 'e planken nei in oersetting fan [[Sybe Krol]], mei [[Rense Westra]] yn 'e haadrol.
By it skriuwen fan ''Richard III'' line Shakespeare tige by tige op [[Thomas More]] syn ûnôfmakke ''The History of King Richard III''. Yn syn ''The History of England, Volume I: Foundation'' skriuwt de foaroansteande [[Grut-Brittanje|Britske]] [[histoarikus]] [[Peter Ackroyd]] dêroer: ''"More mei dan in hillige west hawwe, mar hy wie foar in diel ek in fantast, dy't goede partijige redens hie om 'e lêste kening út it [[Hûs York]] foar de opkomst fan 'e [[Hûs Tudor|Tudor-dynasty]] ôfrinne te litten. Sadwaande wie Richard foar More en foar Shakespeare de glimkjende en yntrigearjende smjunt, de bochel mei twifelige doelen ''[...]''. Der mei dan in beskate wierheid yn dat karikatuer sitte, mar it bliuwt in karikatuer. De kening wie bygelyks net in bochel. As gefolch fan yngeande training yn 'e swurdfjochtkeunst wiene syn iene earm en skouder oerûntwikkele, sadat er altyd wat út lykwicht liek te wêzen, mar dat wie alles."'' Dat wol net sizze dat Richard III gjin ferkearde en ymmorele dingen die (lykas it beöarderjen fan 'e moard op syn beide omkesizzers), inkeld dat er dêr net méár ta oerhong as hokker kening út syn tiid ek. En as bestjoerder wied er nei gedachten in stik kundiger en bekwamer as syn direkte foargongers. Mar Shakespeare syn toanielstik liket syn oantins foargoed negatyf beynfloede te hawwen, wylst bygelyks [[Richard I fan Ingelân|Richard Liuwehert]], dy't teminsten like mâle dingen útheefde, yn it ûnthâld fan 'e Ingelsen fuortlibbet as in goudene kening fan ûnbesmodzge yntegerens.
 
''Richard III'' is it op ien nei langste fan Shakespeare syn toanielstikken, nei ''[[Hamlet]]'', en slút Shakespeare syn earste tetralogy ôf (dêr't ek ''[[Hindrik VI, Diel 1 (toanielstik)|Hindrik VI Diel 1]]'', ''[[Hindrik VI, Diel 2 (toanielstik)|Diel 2]]'' en ''[[Hindrik VI, Diel 3 (toanielstik)|Diel 3]]'' ta hearre). It stik wurdt mar komselden ûnôfkoarte opfierd, ek al mei't Shakespeare derfan útgie dat syn publyk bekend wêze soe mei de trije dielen fan ''Hindrik VI'' en dêr yn ''Richard III'' sadwaande allegeduerigen nei ferwiist. Fakentiden wurde by hjoeddeiske opfierings guon minder wichtige personaazjes der alhiel út weilitten. Yn sokke gefallen moatte dan op oare plakken tekstregels tafoege wurde om it spul begryplik te hâlden.
 
==Ynhâld==
It stik set útein mei in monolooch fan Richard III dêr't dy de troansbestiging fan syn âldste broer, [[Edwert IV fan Ingelân|Edward IV]], yn beskriuwt, begjinnende mei de ferneamde wurden ''"No is de winter fan ús ûntefredenens / Ta in glorieuze simmer makke troch dizze sinne fan York"'' (''"Now is the winter of our discontent / Made glorious summer by this sun of York"''). Yn dy monolooch lit Richard syn oergeunstigens op syn súksesfol regearjende broer blike. Sels wurdt er omskreaun as in lilke bochel mei in like lilk ynderlik. Hy yntrigearret om syn middelste broer [[George, hartoch fan Clarence|Clarence]], dy't him it paad nei de troan opkeart, opslute te litten yn 'e [[Toer fan Londen]] op grûn fan in profesije dy't er yn 's kenings ear flústere hat, dat "G" de moardner fan Edward syn erfgenamten wêze sil. De kening leit dat út as slaand op syn broer '''G'''eorge, de hartoch fan Clarence. (Dy profesije hat wier bestien, mar kaam ynsafier't bekend is net by Richard III wei; it soe bêst kinne dat Edward IV soks yndie meispylje litten hat doe't er besleat om Clarence oppakke en yn syn sel fermoardzje te litten, al hie Clarence him ek al mear as ien kear ferret. Yn elts gefal skynt it net by him opkommen te wêzen dat de "G" likegoed foar Richard, hartoch fan '''G'''loucester stean kinne soe.)
 
Dêrnei besiket Richard yn 'e graasje te kommen by [[Anne Neville]], de widdo fan [[Edwert fan Westminster|Edward fan Westminster]], de lêste kroaprins út it [[Hûs Lancaster]]. Hoewol't hja him hatet, stimt se deryn ta om mei him te trouwen. Underwilens is de sfear oan it hof suver net te ferdragen; de eallju fan 'e fêstige oarder binne deilis mei de omheech fallen famyljeleden fan [[Elizabeth Woodville|Elizabeth]], de frou fan leger komôf dêr't Edward IV mei troud is, wylst de partijskippen fan 'e yorkisten en lankastrianen noch altiten fuortduorje. Lankastryske warskôgings tsjin Richard III binne by de yorkisten oan dôvemansearen rjochte.
 
Dan folget in lange sêne oer Clarence yn 'e Toer, dy't in foarsizzende dream hat, syn sipier dêroer fertelt en dan, as syn moardners ferskine, harren mei wurden fan har doel ôf besiket te bringen. Yn it toanielstik binne de beide moardners stjoerd troch Richard, hoewol't yn it echt sûnder mis Edward IV derefter siet. Einlings wurdt Clarence deadien troch him te ferdrinken yn in fetsje wyn.
 
[[File:Hogarth, William - David Garrick as Richard III - 1745.jpg|thumb|left|300px|De Ingelske akteur [[David Garrick]] as Richard III yn 'e sêne foarôfgeande oan 'e Slach op Bosworth Field. It skilderij ''David Garrick as Richard III'', út [[1745]], is fan [[William Hogarth]].]]
Koarte tiid letter komt Edward IV te ferstjerren. Richard wurdt dan de beskermhear fan syn minderjierrige omkesizzer [[Edwert V fan Ingelân|Edward V]]. De jonge kening en syn noch jongere broer, de hartoch fan York, wurde foarsteld as goudene jongfeinten, dy't de snoade Richard mei ferstân, skermkeunst en wurden maklik oer kinne. Richard wurdt der senuweftich fan en lokket harren mei in ferlechje nei de Toer fan Londen ta, dêr't er harren al rillegau finzen sette lit. Tegearre mei syn neef [[Henry Stafford, de twadde hartoch fan Buckingham|Buckingham]] beleit Richard dan in plan om himsels op 'e troan te krijen, wêrfan't in wichtich ûnderdiel is om alle stânhefte oanhingers fan syn omkesizzer op te pakken en terjochtstelle te litten ûnder falske beskuldigings fan ferrie. Hja ferspriede it geroft dat Edward V en syn broer oerwûne bern binne, dy't sadwaande gjin oanspraken op 'e troan jilde litte kinne. Under swiere druk geane de oare eallju dêrop akkoart mei Richard syn troansbestiging.
 
Richard draacht Buckingham op om 'e dea fan syn beide finzen omkesizzers te beävensearjen, mar Buckingham wifket. Dêrop stjoert Richard in oare trewant, dy't de beide jonges deadocht. As Richard dêrop Buckingham in ûnthjitten stik lân wegeret, krije sy beiden spul en Buckingham rint oer nei [[Hindrik VII fan Ingelân|Hindrik Tudor, greve fan Richmond]], dy't de Lankastryske oanspraken op 'e troan urven hat en yn ballingskip libbet. Richard hat in eachje op syn omkesizzer, Elizabeth fan York, de jongere suster fan 'e beide prinsen, en fergiftiget syn eigen frou, Anne Neville, sadat er frij wêze sil en stykje om 'e jonge prinsesse. Mar as er risselwearret om in oansiik te dwaan, wit it fanke har mem, de widdo fan Richard syn broer, de boat ôf te hâlden. Underwilens hat Richard syn eigen mem him ferflokt.
 
Shakespeare suggerearret dat de tsjinrampen dêr't Richard dan mei te meitsjen kriget, feroarsake wurde troch dy ferflokking. Earst moat er in opstân ûnder oanfiering fan Buckingham delslaan, wat him slagget; Buckingham wurdt finzen nommen en terjochtsteld. Mar dan fynt der in ynfaazje plak ûnder lieding fan Hindrik Tudor. Beide kanten arrivearje op Bosworth Field foar de beslissende slach. Dy jûns wurdt Richard besocht en tramtearre troch de geasten fan syn slachtoffers. De oare deis fynt de [[Slach op Bosworth Field]] plak, wêrby't Lord Stanley op in krúsjaal punt oerrint nei Hindrik Tudor. Richard wurdt ferslein en yn in duël troch Hindrik deade. Neitiid folget dyselde him op as Hindrik VII.
 
==Fryske oersetting==
De Fryske oersetting fan ''Richard III'' is fan 'e hân fan [[Douwe Kalma]] en makke yn [[1963]] ûnderdiel út fan ''Shakespeare's Wurk Dl. IV'', ien fan 'e [[omnibus]]edysjes fan 'e [[Fryske Shakespeare Stifting]] te Drachten. Yn [[1989]] brocht [[Tryater]] in Fryske ferzje fan ''Richard III'' op 'e planken op grûn fan in nije oersetting troch [[Sybe Krol]], mei [[Rense Westra]] yn 'e haadrol.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Shakespeare, William, ''Shakespeare's Wurk Dl. IV: Lette Komeedzjes: It Winterjounsteltsje, De Stoarm; Keningsstikken: Kening Hindrik VI (diel I, II en III), Kening Richard III'', Drachten, 1963 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN-nûmer.
* Ackroyd, Peter, ''The History of England, Volume I: Foundation'', Londen, 2011 (Pan Macmillan), ISBN 978-0 33 05 44 283.
}}
 
[[Kategory:Shakespeare]]
Line 15 ⟶ 40:
[[eo:Rikardo Tria (Shakespeare)]]
[[es:Ricardo III (obra de teatro)]]
[[fa:ریچارد سوم (نمایش‌نامهنمایشنامه)]]
[[fi:Rikhard III (näytelmä)]]
[[fr:Richard III (Shakespeare)]]