Abe Lenstra Stadion: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 118:
Ûnder de easttribune fan it stadion is Fryslân Fean Plaza fêstige. Dit is de supportersromte fan Sportklup It Hearrenfean en is likernôch 1.500 kante meter grut.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/faciliteiten-stadion Faciliteiten Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> Yn dizze romte kin de oanhing foar as nei wedstriden fan It Hearrenfean gearkomme. Ek kinne hjir feestlike en saaklike gearkomsten hâlden wurde.
 
It Fryslân Fean Plaza is oanklaait mei ferskate skaaimerken út de [[Fryske kultuer]]. Tocht kin wurde oan it [[skûtsje]], de [[Wetterpoarte (Snits)|Snitser wetterpoarte]] en in [[kop-hals-romppleats]].<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/faciliteiten-stadion Faciliteiten Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
 
Oan de westkante fan it Abe Lenstrastadion binne de Feansjop en de Pronkkeamer fêstige. Yn de Feansjop wurde fanartikels ferkocht. Tocht moat wurde oan T-sjirts, sjalen, mûtsen, ensfh. De Pronkkeamer is it museum fan SK It Hearrenfean.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/informatie-feansjop Feansjop], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> Hjir is ûnder oare de [[KNVB-beker]] dy’t yn [[2009]] wûn waard te besjen en binne de fuotbalskuon fan Abe Lenstra te pronk setten.