Hans Vredeman de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hans Vredeman de Vries-portrait.jpg|200px|thumb|right|Ofbylding fan Vredeman de Vries tekene troch [[Hendrick Hondius]]]]
'''Hans Vredeman de Vries''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[1527]] - [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]], [[De Haach]] of [[Hamburch]], [[1606]], [[1607]] of [[1609]]) wie in ynternasjonaal [[arsjitekt]], [[Festing (ferdigeningswurk)|festingboukundige]], [[keunst]]teoretikus, [[planolooch]] (''avant la lettre''), [[tekener]] en [[Keunstskilder|skilder]]. Hy wie ien fan de keunstners út de [[16e ieu]] mei in soad ynfloed fanwege syn behearsking fan it [[Lineperspektyf|perspektyf]], syn publikaasjes, syn ûntwerpen en fersieringen. Hy ûntwurp folle mear as dat er feitlik stal joech.
 
{{stavering}}
==Biografy==
Hans Vredeman de Vries wie de soan fan in [[Heakbus|bussjitter]], dy't tsjinne ûnder de Fryske steedhâlder [[Georg Schenck van Toutenburg]]. Hy begûn syn oplieding by in glêsskilder yn Ljouwert (en [[Kollum]]). Yn 1546 ferfarre hy nei Amsterdam en Kampen. Yn 1549 wurke hy yn [[Mechelen (Belgje)|Mechelen]], dêr't syn broer organist wie. Under [[Pieter Coecke fan Aelst]] ûntwurp hy de triomfbôgen dy't brûkt waarden foar de ynkomst fan keizer [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] en [[Filips II fan Spanje|Filips II]]. Ek bestudearre hy [[Vitruvius]] en [[Sebastiano Serlio]], yn in oersetting fan syn learmaster. Yn 1561 troude hy mei Johanna fan Muysene, de suster fan in kollega-skilder, mar hja stoar al nei inkele jierren. Vredeman de Vries ûntwikkele him ta treflik en ferneamd perspektyftekener en yntrodusearre de Italjaanske boustyl benoarden de [[Alpen]]. Hy publisearre ûnder oaren by de drukker [[Plantijn]] foarbylden fan kartoesjes, trofeeën, arsjitektuer, [[fontein]]en, [[meubel]]s, grêfmonuminten, [[Pylder (boukunde)|pylders]], [[potguod]], termen en grotesken.