Esonstêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa mar, noch leaver in grauwe bom op dat saneamde 'Ezonstad'
sa better, as net?
Rigel 1:
'''Esonstêd''' soe in grutte hannelsstêd west hawwe, mei init kastiel, Camminghaburch. Dy soe neffens de ferhalen op in hichte yn de [[Lauwerssee]] lein hawwe en ferdwûn wêze by it ûntstean fan de see nei de stoarmfloed fan [[1230]]. Bûten [[Andreas Cornelius]] syn ''Chronicke en waarachtige beschrijvinghe van Vrieslant'' komt Esonstêd net ien kear yn in oare iere boarne foar. Yn de [[20e ieu]] is dêrom twifel kaam oan it bestean fan Esonstêd. Guon ferwiisden it sels nei it lân fan de fabeltsjes.
 
De [[argeolooch]] [[Johan Christiaan Assien Bohmers|Asien Bohmers]], fan it [[Biologysk-Argeologysk Ynstitút]] yn Grins, hat yn [[1951]] ûndersyk dien yn de âlde mûning fan it [[Dokkumer Grutdjip]]. Hy fûn yn it [[Waad]] spoaren fan bewenning oer in lingte fan in kilometer. Neffens dat ûndersyk moat it dêr bewenne west hawwe fan de [[6e ieu|6e]] oant de [[10e ieu]]. Oare ûndersikers hâlde it de spoaren dy't er fûn hat oerbleaun binne fan sâltwinputten (sjoch [[moernearring]]). De spoaren binne net dúdlik genôch om dêrmei kieze te kinnen foar de iene of de oare teory.
 
== Fakânsjepark ==
Krekt eastlik fan [[De Skâns (Dongeradiel)|De Skâns]] leit anno 2009 it fekânsjepark Esonstêd, eksploitearre troch de ynternasjonale ûndernimming Landel Green Parks. It plak is foar in part opset as wie it in âld Frysk fêstingstedsje. Ek binne der wenten op terpen. Der is in deistige fearferbining mei [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]].
 
<gallery>
Ofbyld:090228 Esonstad Friesland NL.jpg|''Esonstêd fan de dyk om de Lauwersmar ôf sjoen'' (2009)
Ofbyld:Esonstad.jpg|''Fan [[De Skâns]] wei sjoen ''(2006)
Ofbyld:Esonstad_Poort.jpg|''De poarte fan Esonstêd'' (2009)
Ofbyld:Esonstêd 2009.JPG|''Esonstêd anno 2009''
 
</gallery>
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|[[Herma M. van den Berg]]}} Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Haadstik Eanjum.