Wetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 1908: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Oanfolling
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
De '''[[Olympyske Simmerspullen 1908]]''', ek wol de '''IVe Olympiade''' neamd waarden yn [[1908]] yn [[Londen]], [[Grut-Brittanje]] hâlden. De [[wetterpolo]] kompetysje hie plak yn it ''White City Stadium''.
 
==Swimbaden==
===White City Stadium===
It White City Stadium waard yn 1907 boud foar de Olympyske Simmerspullen yn 1908. It hie doe plak foar 93.000 taskôgers. It hie in Atletykbaan fan 536,44 m in baanhurdfytsbaan fan 660 meter in Swimbad fan 100 meter mei in dûktoer. De oarspronkelike atletykbaan had tsjinst dien oant 1914. Yn 1927 is de atletykbaan fuorthelle en ynsjierde mei gêrs om plak te meitsjen foar wynhûn draverijen. Yn [[1985]] is it White City Stadium ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de gebouwen fan in tillefyzjestjoerder.
 
===Northampton Institute===
Is boud yn [[1894]] en is in [[Universiteit]] it waard oprjochte mei as doel it befoarderjen fan de yndustriële feardigens, algemiene kennis, sûnnens en wolweazen fan jonge manlju en froulju dy't hearre ta de earmere klassen. Yn 1908 waard yn de Great Hall ûnderdiel fan Universiteit it Olympyske Boks toernoai hâlden. De Universiteits [[swimbad]] waard ek brûkt as spylplak foar it wetterpolo toernoai en in oantal swimûnderdielen, Hjoed de dei is it swimbad de Universiteits [[Bibleteek]].
 
== Earste ronde ==