A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ddb 199603 043-09-wiki.jpg|thumb|Lois McMaster Bujold yn 1996.]]
'''''A Civil Campaign''''' is in [[science fiction]]-[[roman]] fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] [[skriuwer|skriuwster]] [[Lois McMaster Bujold]]. It makket ûnderdiel út fan 'e ''[[Vorkosigan-kroniken]]|''Vorkosigan''-kroniken]], Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. ''A Civil Campaign'' waard foar it earst útjûn yn [[1999]] en is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.
 
==Eftergrûn==
''A Civil Campaign'' is eins it twadde part fan in twalûk wêrfan't ''[[Komarr]]'' it earste diel is (hoewol't beide boeken sûnder in protte beswier los faninoar lêzen wurde kinne). Bujold woe it hiele ferhaal fan 'e earste serieuze românse fan har populêre personaazje Miles Vorkosigan, dy't yn it grutste part fan 'e ''Vorkosigan-kroniken''-kroniken de haadrol spilet, oarspronklik yn ien boek behannelje, mar seach dêr fanôf fanwegen de toansetting. ''Komarr'' is nammentlik in romantysk drama, wylst ''A Civil Campaign'' krekt in romantyske komeedzje is. Yn it neiwurd fan 'e [[omnibus]] ''Miles in Love'' hâldt Bujold út dat sels sy net skizofrenernôch is om sokke ferskillende subsjenres yn ien en deselde roman gear te tropjen.<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Afterword'', yn 'e omnibus ''Miles in Love'', s. 859.</ref>
 
Mei't yn ''A Civil Campaign'' de langferwachte brulloft fan keizer Gregor fan Barrayar plakfynt, wie de wurktitel lange tiid ''ImpWed'' (in ôfkoarting fan ''Imperial Wedding'', "Keizerlike Brulloft"), wat in wurdspiling foar ''insiders'' is op 'e Barrayareeske geheime tsjinst ''ImpSec'' (in ôfkoarting fan ''Imperial Security'', "Keizerlike Feilichheidstsjinst", sis mar "KeizFeil"; dus ''ImpWed'' kin oerset wurde as "KeizBrul"). Mar sa'n titel wie fansels oan it grutte publyk net bestege. Op it langelêst rette Bujold har freon Mike Ford har de titel ''Rules of Engagement'' oan, mar doe die bliken dat de skriuwster [[Elizabeth Moon]] al in roman mei dyseldichste titel by ''[[Baen Books]]'' yn 'e piiplieding hie. Uteinlik betocht Bujold sels de titel ''A Civil Campaign'', dat sawol "In Boargerlike Fjildtocht" as "In Hoflike Fjildtocht" betsjutte kin.<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Afterword'', yn 'e omnibus ''Miles in Love'', s. 860-861.</ref>
Rigel 12:
 
==Plot==
Yn ''[[Komarr]]'' wie Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde mar oerenerzjike haadpersoan fan it grutste diel fan 'e ''Vorkosigan-kroniken''-kroniken, by in ûndersyk nei it romteûngemak dat er útfierde yn syn hoedanichheid fan ryksauditeur, yn 'e kunde kommen mei Ekaterin Vorsoisson, op wa't er smoarfereale waard. Yn ''A Civil Campaign'' set Miles dêrom, tsjin 'e eftergrûn fan 'e neieroan kommende brulloft fan 'e Barrayareeske keizer Gregor en dy syn Komarraanske ferloofde Laisa Toscane, útein mei in útprakkesearre kampanje om Ekaterin it hof te meitsjen, dy't er plent as wie it militêre fjildtocht. Om't se pas koartby widdo wurden is (sij it nei in ûngelokkich houlik), liket it him net foechsum ta en kom daliks al mei syn bedoelings foar 't ljocht. Mar oan 'e oare kant kin er ek net te lang wachtsje, want trochdat op Barrayar likernôch tritich jier lyn de technology foar it earst beskikber kaam om it geslacht fan in poppe yn 't foar te bepalen, en âldelju yn 'e [[militarisme|militaristyske]] Barrayareeske kultuer leaver soannen as dochters hiene, is de man-frouferhâlding yn Miles syn generaasje 5:3. Dat foar in kreaze jonge widdo as Ekaterin binne der grif oare kapers op 'e kust.
 
Ien dêrfan is bygelyks Miles syn kreaze, atletysk boude neef Ivan, en al is dat in resolute frijgesel dy't net serieus op 'e sneup is nei in houlikspartner, dochs sjocht Miles him as in bedriging mei't Ivan tige súksesfol yn 'e leafde is en de iene freondinne nei de oare ferslyt. Dêrom ûntfytmannet er him syn earewurd dat er Ekaterin gewurde litte sil. Fierders makket er Ekaterin, wa har grutte leafde túnarsjitektuer is, wiis dat er in liddich stik grûn hat dêr't er eins al jierren in tún hawwe wol en soe sy dy net foar him ûntwerpe kinne? It liket Miles in masterset ta: sa helpt er har op 'e gleed mei de karriêre fan har dreamen, wylst er har ûnderwilens wat jildlike stipe tastopje kin sûnder dat it leafdiedichheid liket en boppedat jout it him in ferlechje om har eltse dei te moetsjen en op dy manear de konkurrinsje foar te bliuwen.
Rigel 68:
* Wûn de ''[[Sapphire Award]]'' (útrikt troch de ''Science Fiction Romance Newsletter'') foar de bêste miks fan science fiction en romantyk fan 1999;
* wûn de ''[[PEARL Award|PEARL (Paranormal Excellence Award in Romantic Literature) Award]]'' foar bêste roman yn 'e science fiction-kategory foar 1999;
* wûn de Russyske ''Strannik''-priis fan 2000 (foar ''A Civil Campaign'' as fertsjintwurdiger fan 'e hiele ''Vorkosigan-kroniken''-kroniken) yn 'e kategory "de fiere gast";
* nominearre foar de ''[[Hugo Award]]'' foar de bêste roman fan 2000;
* nominearre foar de ''[[Nebula Award]]'' foar de bêste roman fan 2000;