Ferskil tusken ferzjes fan "Memory (roman fan Lois McMaster Bujold)"

L
red
(Nije Side: thumb|Lois McMaster Bujold yn 1996. '''''Memory''''' is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande...)
 
L (red)
[[Ofbyld:Ddb 199603 043-09-wiki.jpg|thumb|Lois McMaster Bujold yn 1996.]]
'''''Memory''''' is in [[science fiction]]-[[roman]] fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] [[skriuwer|skriuwster]] [[Lois McMaster Bujold]]. It makket ûnderdiel út fan 'e ''[[Vorkosigan-kroniken]]|''Vorkosigan''-kroniken]], Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. ''Memory'' waard foar it earst útjûn yn [[1996]] en is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.
 
==Eftergrûn==
Bujold skreau ''Memory'', dat oerset wurde kin as "Unthâld", yn [[1995]] en [[1996]]. It boek [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]] en waard foar it earst útjûn yn july [[1996]] troch ''[[Baen Books]]''. It is it iennichste diel fan 'e ''Vorkosigan-kroniken''-kroniken dat tusken [[1996]] en [[2008]] net werútjûn waard as ûnderdiel fan in [[omnibus]]edysje. Yn [[2003]] kaam it foar it earst út as [[e-boek]], en yn [[2007]] as [[audioboek]].
 
==Plot==
''Memory'' is it sintrale diel fan 'e ''Vorkosigan''-kroniken'', dat in radikale feroaring omskriuwt yn it libben fan Bujold har populêre held, de lichaamlik beheinde Barrayareeske ealman Miles Vorkosigan. In jier earder wie Miles omkommen by in operaasje op 'e [[anargisme|anargistyske]] [[planeet]] Jackson's Whole, doe't er rekke waard troch in granaat, mar syn mannen hiene him gau-gau ynferzen yn in kryokiste. Letter wied er ûnder sikehûsomstannichheden wer ta libben brocht (sjoch: ''[[Mirror Dance]]''). Mar syn kryoanyske behanneling hat bliuwende negative gefolgen hân foar syn lichaamlike sûnens, gefolgen dy't Miles mei opsetsin negearre hat. Yn ''Memory'' kriget er (net foar it earst) in [[epilepsy|epileptyske]] oerhaal, krekt op it stuit dat er foar de Barrayareeske geheime tsjinst ''ImpSec'', ûnder syn momkape fan admiraal Naismith fan 'e Frije Dendarii Hierlingen, in rêdingsaksje liedt om in ''ImpSec''-koerier te befrijen út in gizelingssitewaasje. Dêrby aktivearret er sûnder erch syn laser en ferwûnet er de krekt befrijde koerier slim.
 
Neitiid besiket er it spul ûnder it kleed te feien mei ferdraaiïngs en fuortlittings yn syn rapport oan syn ''ImpSec''-bazen, skitende benaud as er is om tenei fjildmissys ûntsein te wurden, dy't it iennichste binne dêr't er syn siel en sillichheid yn kwyt kin. Mar it bedroch komt fansels út, en hy wurdt nei hûs ta roppen en út 'e tsjinst ûntslein; om 'e wille fan syn heit, de eardere minister-presidint fan Barrayar, wurdt dat dien op grûn fan (jildige) medyske klachten.