Ferskil tusken ferzjes fan "The Vor Game"

L
red
L (justjes oanpast)
L (red)
[[Ofbyld:Ddb 199603 043-09-wiki.jpg|thumb|Lois McMaster Bujold yn 1996]]
'''''The Vor Game''''' is in [[science fiction]]-[[roman]] fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] [[skriuwer|skriuwster]] [[Lois McMaster Bujold]]. It makket ûnderdiel út fan 'e ''[[Vorkosigan-kroniken]]|''Vorkosigan''-kroniken]], Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. ''The Vor Game'', dêr't Bujold in ''[[Hugo Award]]'' mei wûn, waard foar it earst útjûn yn [[1990]]. It is ûnderwilens oerset yn fyftjin talen.
 
==Eftergrûn==
 
===''The Weatherman''===
Miles Vorkosigan, de lichaamlik hendikepte soan fan 'e minister-presidint fan 'e [[planeet]] Barrayar, dy't de haadpersoan is yn it grutste part fan Bujold har ''Vorkosigan-kroniken''-kroniken, is krekt werom fan syn ferlof nei't er syn oplieding oan 'e Barrayareeske Militêre Akademy ôfrûne hat, as er yn in ôfsletten kefert syn earste oanstelling útrikt kriget. Hy hopet, krekt as alle oare kadetten, op tsjinst oan board fan ien fan 'e romteskippen fan 'e Barrayareeske Striidkrêften, mar it docht bliken dat er beneamd is ta [[meteorology|haadmeteorology-ofsier]] op 'e ôfhandige legerbasis Lazkowski, op it eilân Kyril, deunby de [[poalsirkel]] en 500 km fan eltse oare lânmassa ôf. Dy basis, better bekend ûnder de ûnoffisjele namme Kamp [[permafrost|Permafrost]], is wêr't de Barrayareeske [[ynfantery]] syn wintertrening kriget. It liket Miles net sa'n gaadlike post ta, mar hy beslút syn teloarstelling fan him ôf te setten en it bêste der mar fan te meitsjen.
 
Yn Kamp Permafrost oankommen, treft Miles dêr luitenant Ahn, de ofsier dy't hy ferfange moat, en dy't in earsten waarman blykt te wêzen, mar ek in grutte dronkenlap. Mei de basiskommandant, generaal Stannis Metzov, in ofsier fan it âlde stimpel dy't nei ûnbewiisde belutsenens by de dea fan in finzene yn 'e tiid fan 'e Komarraanske Opstân hjir yn 'e [[toendra]] dumpt is, begjint Miles op 'e ferkearde foet en dêrnei giet it allinne mar berchôf. Ek ûntkomt er mar kwealk oan 'e dea as in mispleatste grap fan in pear ûnderhearrigen troch syn ûnbekendheid mei it terrein libbensgefaarlike gefolgen hat. Tsjin 'e tiid dat luitenant Ahn ôfswaait, fjirtjin dagen letter, hat Miles it spul lykwols allegear goed foar 't ferstân.