Ferskil tusken ferzjes fan "Abe Lenstra Stadion"

Boarnferwizing oanpast
(Boarnferwizing oanpast)
| ôfbyldingtekst = Eastside fan it stadion
| plak = [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]
| kapasiteit = 26.100<ref name="histoarje">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/historie Abe Lenstra Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
| oerflak = Gers
| koördinaten = {{Koördinaten yn tekst|52_57_31_N_5_56_10_E_scale:10000|52° 57' NB 5° 56' EL</small>}}
| boubegjin = [[1 oktober]] [[1993]]
| iepening = [[20 augustus]] [[1994]]
| boukosten = ƒ22.000.000 (1993)<ref name="side 11">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref>
| architekt = Alynia Architecten <ref>[http://www.alynia-architecten.nl/index.php?menu=projecten&pt=3&pr=32&offset=0 Alynia Architecten] (sjoen op 6 maart 2013)</ref><ref name="Bou">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
| eveneminten =
}}
[[Ofbyld:Abe Lenstra Stadion 08c.JPG|thumbnail|right|East- en noardkante fan it Abe Lenstra stadion]]
 
It '''Abe Lenstra stadion''' is in fuotbalstadion op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], it is neamd nei âld-fuotballer [[Abe Lenstra]]. It stadion wurdt meast brûkt troch de profesjonele fuotbalklub [[SK It Hearrenfean]]. It stadion stiet oan de eastkant fan It Hearrenfean oan de [[Rykswei 32]], op likernôch fyftjin minuten rinne fan it [[Stasjon It Hearrenfean]] en fiif minuten rinne fan it sintrum. Yn it stadion is plak foar 26.100 en is in ûnderdiel fan [[Sportstêd It Hearrenfean]].<ref name="histoarje">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/historie Abe Lenstra Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
 
== Bou ==
Yn [[1990]] ûntstienen op It Hearrenfean de earste plannen foar in nij te bouwen fuotbalstadion doe't de gemeente mei plannen kaam om op it plak fan [[Sportpark Noard]] in psychiatrysk sikehûs te bouwen.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Dy plannen kamen SK It Hearrenfean net ferkeard út. Troch de groei fan de klup fan begjin jierren tachtich ôf op kommersjeel flak, mar ek troch it stiigjende tal besikers, wie de need foar it renovearjen en ferbouwen fan it sportpark heultiid grutter wurden.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref>
 
Twa jier letter leinen de earste plannen al op tafel. Oan de eastkante fan de Rykswei 32 (sûnt [[2000]], doe't de dyk fjouwerbaans waard leit it stadion oan de westkante fan de Rykswei) moast it nije stadion komme.<ref name="Bou">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref> It plan fan de arsjitekten, dy't ideeën opdien hienen yn it honkbalstadion fan de [[New York Yankees]], bestie út in stadion mei fjouwer losse tribunes, dus mei iepen hoeken.<ref name="side 12">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 12</ref><ref name="Bou">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref>. By de gearkomste fan de gemeenterie op [[6 april]] [[1993]] stimde de rie fan It Hearrenfean yn mei it nij te bouwen stadion, dat yn totaal 13.800 sitplakken te ferjaan krige.<ref name="Bou">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref> Op [[1 oktober]] fan dat selde jier gie de earste peal de grûn yn.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref>
 
Noch tidens de bou waarden de plannen foar it stadion alwer oanpast. Guon minsken fûnen dat ek de hoeken tichboud wurde moasten. De klup sels hie de sinten hjir net foar, dat in groep sakelju, besteande út SK It Hearrenfean-foarsitter [[Riemer van der Velde]] en de sponsors Lippe Lap, Klaas Oenema en Klaas de Leeuw, soarge derfoar dat de sinten der kamen.<ref name="Bou">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref> Yn totaal gie it om in ekstra bedrach fan 2,4 miljoen [[gûne]] (likernôch 1 miljoen [[euro]]) dat troch de sakemannen bylein waard.<ref name="side 11">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Mei dizze sinten kamen de totale kosten foar it stadion op rom 22 miljoen gûne (likernôch 10 miljoen euro).<ref name="side 11">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Dit jild kaam ûnder oare byelkoar troch de ferkeap fan de grûn fan Sportpark Noard foar 4 miljoen gûne, 3 miljoen fan de gemeente, 4 miljoen fan bedriuwen en partikulieren en de klup sels betelle 3 miljoen gûne mei.<ref name="side 11">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref>
 
Op [[1 oktober]] [[1993]] waard de earste peal slein troch [[Jos Staatsen]], doedestiids foarsitter fan de [[KNVB]], en op [[14 maart]] [[1994]] waard de earste stien lein troch foarsitter fan SK It Hearrenfean, Riemer van der Velde.<ref name="side 11">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 11</ref> Troch de treflike organisaasje fan de bou koe it stadion al op [[15 july]] yn plak fan op [[1 oktober]] oplevere wurde troch boubedriuw [[Van Wijnen Holding N.V.|Van Wijnen]].<ref name="side 12">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 12</ref>
 
== Iepening ==
Op [[22 augustus]] [[1994]] spile SK It Hearrenfean de iepeningswedstriid tsjin [[PSV]] út [[Eindhoven]]. It wie de earste wedstriid fan it [[Brazylje|Brazyljaanske]] talint [[Ronaldo]] op [[Europa|Europeeske]] boaiem.<ref>[http://www.deondernemer.nl/sport/545402/Oud-PSVer-Ronaldo-stopt-per-direct.html Oud PSV'er Ronaldo stopt per direct], DeOndernemer.nl (sjoen op 8 maart 2013)</ref> Foar de oefenwedstriid, dy't yn 0-0 einigje soe, ferjocht de doedestiids noch [[Prins Willem-Alexander]] de ôftraap. As tank waard de prins in pear [[klompe]]n en in flesse [[Bearenburch]] oanbean.<ref>[http://www.feanfans.nl/stadion.html Abe Lenstra Stadion], Feanfans.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref>
 
By de iepening fan it nije fuotbalstadion fan SK It Hearrenfean waard ek it stânbyld fan Abe Lenstra troch syn frau Hill Lenstra en dochters Metteke en Janneke ûntbleate. It stânbyld waard troch haadsponsor [[Batavus]] oanbean.<ref name="Bou">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
 
De earste offisjele wedstriid wie op [[26 augustus]] [[1994]] tsjin [[FK Grins]]. [[Tom Sier]], ferdigener by It Hearrenfean, hie de ear om it earste doelpunt te setten yn it nije stadion.<ref>[http://www.feanonline.nl/content/343/tom-sier.htm Tom Sier], Feanonline.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> De wedstriid waard úteinlik mei 2-0 wûn troch It Hearrenfean, de oare doelpuntemakker wie [[Erik Regtop]].<ref>[http://www.vi.nl/wedstrijden/wedstrijd.htm?dbid=15611&typeofpage=84140 sc Heerenveen - FC Groningen], VI.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref>
 
== Utwreidings ==
It Abe Lenstra Stadion hat troch de jierren hinne al in stikmannich ferbouwings ûnderfûn. De earste ferbouwing hie einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken fan it stadion. Yn [[1996]], [[1997]] en [[2000]] fûnen der ferbouwings plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn [[2001]].<ref>Voetbal International (2001). ''Voetbal International, seizoengids 2001/2002''. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam</ref> By de ferbouwing fan 1996 waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Nij de ferbouwing fan 1997 wie der ek romte foar de Pronkkeamer, it museum fan SK It Hearrenfean.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref>
 
Yn [[2004]] waard yn it ramt fan [[Sportstêd It Hearrenfean]] begûn mei in grutte ferbou, en om it stadion hinne nijbou, fan it Abe Lenstra Stadion. Yn ferskate fazes waard it stadion stadichoan útwreide fan likernôch 14.500 plakken nei yn totaal 25.5000 plakken.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion UitbreidingUitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 13 maart 2013)</ref> . Mei it slaan fan de earste peal troch [[Kommissaris fan de Keninginne]] [[Ed Nijpels]] op [[19 juny]] [[2003]] waard begûn mei de earste faze, it útwreidzjen fan de eastkante fan it stadion.<ref>[http://www.sportstad.nl/de-historie De historie], Sportstad.nl (sjoen op 13 maart 2013)</ref> De twadde faze bestie út it útwreidzjen fan de súdtribune en as lêste waard de noardtribune útwreide. Der kamen yn totaal 1.500 plakken foar spoansers by en 9.500 foar de supporters.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref>
 
Dêrnei waarden yn 2007 en 2008 yn de hoeken oan de westkante fan it stadion noch lytse oanpassings dien, wêrtroch de ynhâld fan it stadion tanaam oant 26.100 plakken.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> By de lêste ferbouwing yn 2008 ferhuze de romte foar minsken mei yn beheining fan de súdwesthoeke nei de grêft oan de westkante fan it stadion, njonken de dug-outs.<ref>[http://www.forzaheerenveen.nl/index/nieuws/239/Uitbreiding-Abe-Lenstra-Stadion.html Uitbreiding Abe Lenstra stadion], ForzaHeerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)</ref>
 
Op [[8 novimber]] [[2007]] sette SK It Hearrenfean in artikel op harren webstee oer it mooglik noch fierder útwreidzjen fan it stadion.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/sc-heerenveen-wil-wk-2018-in-abe-lenstra-stadion/10 sc Heerenveen wil WK 2018 in Abe Lenstra Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 13 maart 2013)</ref> Dit yn it ramt fan it [[WK fuotbal]] yn [[2018]] wêr't [[Nederlân]] en [[Belgje]] harren kandidaat foar stelle woenen. De KNVB hie de Sportklup en de gemeente [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]] al frege hoe't dizze partijen tsjinoer de plannen stienen. Mocht it WK fuotbal fan 2018 dan oan Nederlân en Belgje tawezen wurde dan soe it stadion útwreide wurde moatte nei likernôch 43.000 sitplakken.
 
=== Konserten ===
Yn [[1995]] waard, yn it ramt fan it [[Frysk Festival]], it tonielstik [[Abe!]] troch [[Tryater]] opfiert yn it stadion.<ref name="Abe!">[http://www.trouw.nl/tr/nl/5009/Archief/archief/article/detail/2747376/1995/03/20/Voetballegende-Abe-Lenstra-als-theaterspektakel-in-een-stadion.dhtml Voetballegende Abe Lenstra als theaterspektakel in een stadion], Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> Yn it tonielstik waard ûnder oare de legendaryske wedstriid tusken SK It Hearrenfean en Ajax fan [[7 maaie]] [[1950]] neispiele.<ref name="Abe!">[http://www.trouw.nl/tr/nl/5009/Archief/archief/article/detail/2747376/1995/03/20/Voetballegende-Abe-Lenstra-als-theaterspektakel-in-een-stadion.dhtml Voetballegende Abe Lenstra als theaterspektakel in een stadion], Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> Yn dizze wedstriid stie It Hearrenfean nei in oere mei 1-5 efter, mar wisten hja dochs noch mei 6-5 te winnen.<ref>[http://www.feantastisch.nl/historie/vv-heerenveen-ajax-6-5/ vv Heerenveen - Ajax 6-5], Feantastisch.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> De rol fan de jonge Abe waard spile troch [[Ronnie Pander]], dy't yn dy tiid by de jongerein fan It Hearrenfean spile.<ref>[http://www.trouw.nl/tr/nl/5009/Archief/archief/article/detail/2755593/1995/05/09/De-nieuwe-Abe-Lenstra-moet-nog-flink-oefenen.dhtml De 'nieuwe' Abe Lenstra moet nog flink oefenen], Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref>
 
Op [[6 juny]] [[1997]] hâld [[popmuzyk|popgroep]] [[De Kast]] in konsert yn it stadion. Likernôch 12.000 minsken wienen by it barren oanwêzich.<ref>[http://www.dekast.nl/biografie/ Biografie], DeKast.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref>
|}
 
Op [[18 novimber]] [[2009]] waard der foar de earste kear en oant no ta ienige kear in ynterlân spile fan it Nederlânsk alvetal yn it Abe Lenstra Stadion.<ref name="Ynterlân">[http://voetbalstats.nl/stadionnedxi.php?stadionid=137 Interlands Nederland Elftal in het Abe Lenstra stadion], Voetbalstats.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> It Nederlânsk alvetal spile dy jûn tsjin [[Paraguay]], de wedstriid einige yn 0-0 en der wienen 25.000 minsken oanwêzig.<ref name="Ynterlân">[http://www.voetbalstats.nl/stadionnedxi.php?stadionid=137 Interlands Nederlands Elftal in Abe Lenstra Stadion], Voetbalstats.nl (sjoen op 8 novimber 2010)</ref><ref>[http://www.vi.nl/wedstrijden/wedstrijd.htm?dbid=194903&typeofpage=84140 Nederland - Paraguay (18-11-2009)] VI.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> It hat net de earste kear west dat der in ynterlân spile waard op It Hearrenfean. Op [[4 septimber]] [[1985]], twa dagen nei de dea fan Abe Lenstra, spile Oranje op Sportpark Noard tsjin Bulgarije, doe waard it 1-0 foar Nederlân.<ref>[http://www.vi.nl/nieuws/165149/Oranje-ontvangt-Paraguay-in-Abe-Lenstra-stadion.htm Oranje ontvangt Paraguay in Abe Lenstra stadion], VI.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
 
=== Wrâldkampioenskip Fuotbal 2018 ===
Yn 2006 ûntstienen der plannen om it Wrâldkampioenskip Fuotbal fan 2018 yn Nederlân en Belgje te hâlden.<ref>[http://www.vi.nl/nieuws/93008/Belgi-enthousiaster-over-WK-dan-wij.htm 'België enthousiaster over WK dan wij' ], VI.nl (sjoen op 20 maart 2013)</ref> It Abe Lenstra stadion soe dan ien fan de stadions wêze wêr't wedstriden foar it wrâldkampioenskip spile wurde soenen.<ref name="Bid">[http://www.thebid.org/over-the-bid/stadions-2/ Stadions], TheHollandBelgium Bid (sjoen op 27 novimber 2010)</ref> It stadion soe dan yn 2017 útwreide wurde nei in kapisiteit fan 42.450 sitplakken.<ref name="Bid">[http://www.thebid.org/over-the-bid/stadions-2/# Stadions], TheHollandBelgium Bid (sjoen op 27 novimber 2010)</ref> Mar op 2 desimber 2010 waard bekend dat it evenemint net yn Nederlân en Belgje, mar yn [[Ruslân]] spile wurde sil.
 
==Panorama stadion==
 
== Fasiliteiten ==
Ûnder de easttribune fan it stadion is Fryslân Fean Plaza fêstige. Dit is de supportersromte fan Sportklup It Hearrenfean en is likernôch 1.500 kante meter grut.<ref name="Fasiliteiten">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/faciliteiten-stadion Faciliteiten Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> Yn dizze romte kin de oanhing foar as nei wedstriden fan It Hearrenfean gearkomme. Ek kinne hjir feestlike en saaklike gearkomsten hâlden wurde.
 
It Fryslân Fean Plaza is oanklaait mei ferskate skaaimerken út de [[Fryske kultuer]]. Tocht kin wurde oan it [[skûtsje]], de [[Wetterpoarte (Snits)|Snitser wetterpoarte]] en in [[kop-hals-romppleats]].<ref name="Fasiliteiten">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/faciliteiten-stadion Faciliteiten Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
 
Oan de westkante fan it Abe Lenstrastadion binne de Feansjop en de Pronkkeamer fêstige. Yn de Feansjop wurde fanartikels ferkocht. Tocht moat wurde oan T-sjirts, sjalen, mûtsen, ensfh. De Pronkkeamer is it museum fan SK It Hearrenfean.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/informatie-feansjop Feansjop], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> Hjir is ûnder oare de [[KNVB-beker]] dy’t yn [[2009]] wûn waard te besjen en binne de fuotbalskuon fan Abe Lenstra te pronk setten.
 
It Abe Lenstra biedet ferskate mooglikheden foar bedriuwen en partikulieren om gearkomsten te hâlden. Dit kin yn de gearkomsteromten yn it stadion. Yn de Amstel Lounge is it mooglik in feest te organisearen. Ek is it stadion in offisjele troulokaasje, wêrtroch it mooglik is om op it fjild fan de Sportklup yn te boaskjen.<ref name="Fasiliteiten">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/faciliteiten-stadion Faciliteiten Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
 
Yn it stadion sit ek it restaurant 'De Ambiance' fêstige.<ref>[http://www.abelenstrastadion.nl/pageid=20/Restaurant_.html Restaurant], AbeLenstraStadion.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref>
7.155

bewurkings