Ferskil tusken ferzjes fan "Abe Lenstra Stadion"

Om dizze redenen waard yn 2000 koart nei mekoar twa kear it fjild ferfong. By de twadde kear waard in saneamd Grass-Master-fjild oanlein, in kombinaasje fan keunst- en natuergers.<ref>[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?id=LC-20000717-17006&vw=org&lm=grasmat%2Cabe%2Clenstra%2CLC Heerenveen krijgt al weer nieuwe grasmat in stadion], Ljouwerter Krante fan 17 july 2000 (sjoen op 23 maart 2013)</ref>
 
By de ferbouwings yn it ramt fan Sportstêd waarden de tribunes heger makke, hjirtroch krige it gers te min ljocht om goed te waaksen.<ref name="Eksperiment">[http://www.soccernews.nl/news/5393/Experiment_met_gras_in_het_Abe_Lenstra-stadion Experiment met gras in het Abe Lenstra-stadion], Soccernews.nl (sjoen op 23 maart 2013)</ref> Om it gêrsgers sûn te hâlden hat SK It Hearrenfean doe besocht om mei assimilaasjebeljochting it fjild yn in bettere steat te krijen.<ref name="Eksperiment">[http://www.soccernews.nl/news/5393/Experiment_met_gras_in_het_Abe_Lenstra-stadion Experiment met gras in het Abe Lenstra-stadion], Soccernews.nl (sjoen op 23 maart 2013)</ref> Hjirby wurdt it gers ekstra beljochte mei keunstljocht. Dizze technyk wurdt hjoed de dei noch hieltyd brûkt yn it Abe Lenstra stadion.<ref>[http://www.sglconcept.com/nl/heerenveen.htm Heerenveen], Stadium Grow Lightning (sjoen op 23 maart 2013)</ref>
 
Yn de simmer fan 2008 krige it fjild fan it Abe Lenstra stadion in grutte renovaasje.<ref name="Gers">[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/nieuwe-grasmat-in-abe-lenstra-stadion-5/10 Nieuwe grasmat in Abe Lenstra stadion], sc-Heerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)</ref> Doe waard 80 sentimeter grûn fuort helle en waarden ûnder oare de bereiningsynstallaasje en de drainaazje ferfongen.<ref name="Gers">[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/nieuwe-grasmat-in-abe-lenstra-stadion-5/10 Nieuwe grasmat in Abe Lenstra stadion], sc-Heerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)</ref><ref name="Gers2">[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/geur-van-gras-terug-in-abe-lenstra-stadion/10 Geur van gras terug in Abe Lenstra stadion], sc-Heerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)</ref> Yn 2009 en 2010 krige it Abe Lenstra stadion in nije gersmatte neidat Guus Meeuwis yn de simmer fan dy jierren inkele konserten jûn hie yn it stadion.<ref name="Gers">[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/nieuwe-grasmat-in-abe-lenstra-stadion-5/10 Nieuwe grasmat in Abe Lenstra stadion], sc-Heerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)</ref><ref name="Gers2">[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/geur-van-gras-terug-in-abe-lenstra-stadion/10 Geur van gras terug in Abe Lenstra stadion], sc-Heerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)</ref>
7.155

bewurkings