Ferskil tusken ferzjes fan "De Twa Tuorren"

L
L (→‎Ynhâld: flater ferbettere)
 
==Eftergrûn==
Ofsjoen fan in prolooch en seis mânske taheakken bestiet ''Master fan Alle Ringen'' út seis "boeken". ''DeThe TwaTwo TuorrenTowers'', dat útjûn waard op [[11 novimber]] 1954, omfettet de beide middelste "boeken". De titel is in kompromis, it iennichste dat Tolkien betinke koe dat beide "boeken" beflapte. De ynhâld ferskilt nammentlik frijwat. Boek III docht ferslach fan 'e oarloch tsjin 'e ferriederlike tsjoender Saruman, dy't troch it kwea ferlaat is, wylst Boek IV it lyktidich plakfinende ferhaal fertelt fan 'e tocht fan Frodo en Tabe nei Mordor. (Yn syn film ''The Lord of the Rings: The Two Towers'' skafte Peter Jackson dy onhandige lykstrekige ferhaalopbou trouwens ôf.)
 
Foar de beide tuorren út 'e titel hie Tolkien karút: út brieven oan syn [[útjouwer]] Rayner Unwin docht bliken dat er it yn him omgean litten hat om harren oan te tsjutten as Orthanc en Barad-dûr, of as Minas Tirith en Barad-dûr, of as Orthanc en de Toer fan Cirith Ungol. Letter tekene er lykwols eigenhandich in omslachyllústraasje dy't it pear identifisearre as Minas Morgul en Orthanc.
 
==Ynhâld==