Kuolkast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.2) (Robot: interwiki gewijzigd van tl:Palamigan naar tl:Repridyeretor
No edit summary
Rigel 32:
It "hert" fan in koelkast is in [[waarmtepomp]]: de kuoljende wurking bart troch de [[ferdamping]] fan in [[floeistof]], wêrby't [[ferdampingswaarmte]] oan de omjouwing (de ferdamper) ûntlutsen wurdt. De damp wurdt yn in kompressor wer gearparse en dêrnei floeiber makke ûnder it frijkommen fan waarmte dy't oan de efterkant fan de kuolkast fia een buizestelsel yn de foarm fan in ruster (de [[kondinsor (damp)|kondinsor]]) oan de omjouwing ôfjûn wurdt. Yn it earstoan waard as [[kjeldmiddel]] [[ammoniak]], [[sweveldiokside]] of [[metylgloaride]] brûkt, letter fakentiden [[gloarfluorkoalstofferbining]]s (CFK's) lykas [[Freon]] R-12, R22, R502. Doe't der skealike wurking op de [[ozonlaach]] blyjkte is socht om alternativen, en waarden CFK's ûnder ynfloed fan it [[Montreal-protokol]] útfasearre. Tsjintwurdich wurde dêrom oare kjeldmiddels brûkt: HFK's ([[wetterstoffluorkoalstofferbining]]s) as [[Suva R-134a]] en alkanen as [[propaan]]. De no noch faak brûkte term "freon" foar kjeldmiddels is sûnt de ynfiering fan de HFK's net langer korrekt.
 
----
== Oare kuolmetoades ==
Der is ek in kuolproses te konstruerjen dat op in [[ierdgas|gas]]-, [[spiritus (alkohol)|spiritus]]- of [[Kerosine|piteroalje]]-branderke wurket ([[absorbsjekuolling]]), en dat brûkt wurdt yn situaasjes dêr't gjin elektrisiteit beskikber is, bygelyks yn [[caravan]]s.