F-35 Lightning II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Robot: interwiki gewijzigd van vi:F-35 Lightning II naar vi:Lockheed Martin F-35 Lightning II
No edit summary
Rigel 25:
* In fariant dy't fertikaal lânje kin (F-35B)
* In fariant dy't brûkt wurdt op grutte Amearikaanske fleandekskippen (F-35C).
 
=== Kriichsark ===
De F-35 sil in grut ferskaat oan wapens brûke kinne. It fleantúch hat in ynterne wapenopslach dêr't de wapens út wei lansearre wurde, sadat de stealth-technyk net bot hindere wurde kin troch tefolle objekten dy't oan 'e bûtenkant fan it fleantúch fêstmakke binne. Yntern hat it fleantúch fjouwer ophingpunten. De binnenste twa binne allinne gaadlik foar loft-loftraketten om't dy fan de ophingpunten ôf net hielendal fertikaal nei ûnder falle. De romte by de ophingpunten is makke foar de AIM-120 AMRAAM, mar kin wierskynlik ek de MBDA Meteor drage. De oare twa ynterne ophingpunten binne gaadlik foar loft-loftraketten en bommen.
 
Oan 'e bûtenkant hat de F-35 sân ophingpunten. De middelste, midden ûnder de romp is allinne gaadlik foar in boardkanon dat by de B- en C-ferzje ûntbrekt. De bûtenste twa ophingpunten ûnder de wjukken binne allinne gaadlik foar loft-loftraketten en hawwe in limyt fan 135 kg. Dêrtroch binne op dy punten allinne lichtere raketten foar de koarte ôfstân mooglik. De oare fjouwer ophingpunten binne ek gaadlik foar bommen en loft-grûnraketten. De binnenste twa ophingpunten hawwe brânstofliedingen sadat der pylontanks oan fêstmakke wurde kinne.
 
Om de wapens te gelieden hat de F-35 ferskillende sensors oan board. Yn 't foarste plak hat it tastel in AN/APG-81-radar ta syn foldwaan, in AESA-radar dy't in fierdere ûntwikkeling is fan de AN/APG-77 dy't yn de F-22 brûkt wurdt. Beide radars wurde makke troch [[Northrop Grumman]]. Fierder beskikt it tastel ek oer in elektro-optyske (ynfraread) doelsiker ûnder de noas om doelen op de grûn te finen. Troch sawat it hiele tastel hinne binne sensors foar it AN/AAS-37 warskôgingssysteem ynboud. Dy elektro-optyske sensors reagearje op ynkommende raketten.
 
[[Kategory:Jachtfleanmasine]]