F-35 Lightning II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stikje red.
L [[]]
Rigel 18:
De Lockheed Martin '''F-35 Lightning II''' is in fjochtfleanmasine dy't fuortkaam út it '''Joint Strike Fighter-program''' (JSF). It is de trochûntwikkele ferzje fan de [[List fan Amerikaanske X-fleanmasines|X-35]], dy't yn de JSF-kompetysje har konkurrint, de X-32 fan Boeing, fersloech. De [[Feriene Steaten fan Amearika]] hat yn de jierren '90 mei it JSF-projekt útein set. It projekt wurdt sûnt [[2001]] yn 'e mande mei oare lannen útfierd.
 
It is ûntwikkele en boud troch in loftfeart yndustry team mei as grutste fabrikant [[Lockheed Martin]] en mei har grutte partners [[BAE Systems]] en [[Northrop Grumman]]. In demonstraasjemasine fleach yn [[2000]], en in produksjemodel hat syn earste flecht op [[15 desimber]] [[2006]] makke.
 
== Farianten ==
Rigel 31:
Oan 'e bûtenkant hat de F-35 sân ophingpunten. De middelste, midden ûnder de romp is allinne gaadlik foar in boardkanon dy't by de B- en C-ferzje ûntbrekt. De bûtenste twa ophingpunten ûnder de wjukken binne allinne gaadlik foar loft-loftraketten en hawwe in limyt fan 135 kg. Dêrtroch binne op dy punten allinne lichtere raketten foar de koarte ôfstân mooglik. De oare fjouwer ophingpunten binne ek gaadlik foar bommen en loft-grûnraketten. De binnenste twa ophingpunten hawwe brânstofliedingen sadat der pylontanks oan fêstmakke wurde kinne.
 
Om de wapens te lieden hat de F-35 ferskillende sensors. Yn 't foarste plak hat it tastel in AN/APG-81-radar ta syn foldwaan, in AESA-radar dy't in fierdere ûntwikkeling is fan de AN/APG-77 sa't dy yn de [[F-22 Raptor]] brûkt wurdt. Beide radars wurde makke troch [[Northrop Grumman]]. Fierder hat it tastel in elektro-optyske (ynfraread) doelsiker ûnder de noas om doelen op de grûn te finen. Troch sawat it hiele tastel hinne binne sensors foar it AN/AAS-37 warskôgingssysteem ynboud. Dy elektro-optyske sensors reagearje op ynkommende raketten.
 
[[Kategory:Jachtfleanmasine]]