Bernard Smilde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L →‎Biografy: oanfolling
Rigel 4:
Fan jongs ôf oan waard hy mei de muzyk grutbrocht, hy studearre fan 1961 oant 1964 oan it "Stedelijk Muzieklyceum Groningen" by C.J. von Gleich en Fr. van Eeden. Yn 1965 waard dy stúdzje ôfsletten mei it steatseksamen Muzykskiednis B. Yn 1979 die er syn doktoraaleksamen [[Teology]] oan de [[Ryksuniversiteit Grins]] mei as byfak Muzykwittenskip by dr. P. op de Coul. Smilde promovearre yn 1986 oan de Teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins ta doktor yn de Teology.
 
Smilde wie dûmny yn [[Achlum]] ([[1949]]-[[1953]]), [[Garyp]] ([[1953]]-[[1958]]), [[Grootegast]] ([[1958]]-[[1964]]), [[De Gordyk]] (1964-[[1967]]) en [[Burgum]]. Hy wurke sûnttiids yn Ljouwert as redaksjesekretaris fan de [[Stifting Yntertsjerklike Kommisje foar de nijeNije Fryske Bibeloersetting]]. Hy wurke ek as [[oersetter]] mei oan 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] ([[1966]]-[[1978]]), wêrby't er de boeken ''[[Numeri]]'', ''[[1 en 2 Kroniken]]'', ''[[Jesaja]]'', ''[[Jeremia]]'', ''[[Ezechiël]]'', ''[[Hoséa]]'', ''[[Joël]]'', ''[[Amos]]'', ''[[Obadja]]'', ''[[Jona]]'', ''[[Micha]]'', ''[[Nahum]]'', ''[[Habakuk]]'', ''[[Sefanja]]'', ''[[Haggai]]'', ''[[Sacharja]]'' en ''[[Maleächy]]'' fertaalde. Sûnt dosearret [[1965]] er oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert.
Mei yngong fan 1 jannewaris 1975 waard er beneamd ta koördinaasjesekretaris by it Nederlânsk Bibelgenoatskip foar de oersetting fan de bibel yn ienfâldich Nederlânsk. Smilde ublisearre artikels (foar ûnder oare it [[Frysk Deiblêd]], preken en sette 65 psalmen en 140 gesangen oer foar it Frysk Lieteboek foar de Tsjerken (1975). Ek komponearre er koarwurken, kantates en lieten.