Evangeelje fan Mattéus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red + oanfolling hiele side
Rigel 18:
 
==Fryske oersetting==
De earste Fryske oersetting fan it ''Evangeelje fan Mattéus'' ferskynde yn 1858 fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-ieuske [[Fryslân|Fryske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Joast Hiddes Halbertsma]], ûnder de titel ''It Ewangeelje fen Matthewes''. It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn [[1933]], yn in fertaling fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], deselden dy't yn yn [[1943]] ferantwurdlik wiene foar de earste folsleine bibeloersetting, wat in útjefte wie fan it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' yn opdracht fan it [[Kristlik Frysk Selskip]]. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]], mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan it ''Evangeelje fan Mattéus'' waard dêrby dien troch pater dr. S. Galama ofm, ûnderstipe troch [[frisikus]] M.J. de Haan.
 
{{boarnen|boarnefernijing=