Waalke van Borssum Waalkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Waalke van Borssum Waalkes''' (Goaiïngaryp, 9 april 1818 – Goaiïngaryp, 12 novimber 1866) wie in herfoarme dûmny, oe...
 
oanfollinkje
Rigel 1:
'''Waalke van Borssum Waalkes''' ([[Goaiïngaryp]], [[9 april]] [[1818]] – Goaiïngaryp, [[12 novimber]] [[1866]]) wie in [[Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke|herfoarme]] [[dûmny]], [[oersetter]] en deiboekskriuwer. Hy wie de soan fan dû. [[Pieter van Borssum Waalkes]] ([[Emden]], 1795- [[Ysbrechtum]], 1881) en Gesina Catherina Tenckinck. Yn [[Grins]] studearre er fan [[1835]] ôf oan 'e [[Ryksuniversiteit Grins|universiteit]] [[teology]] en [[âlde letteren]]. Fan [[1844]] oant syn dea wied er predikant te [[Gau]]. Hy wie net troud.
 
Van Borssum Waalkes beskôge himsels as in learling fan [[Louis Gerlach Pareau]]. Troch syn modernistyske opfettings kaam er mear as ienris yn oanfarring mei de konservativere leden fan syn gemeente. As predikant lei er him ta op 'e [[kategeze]], mar dêrnjonken wied er in fûleindich strider foar de ynfiering fan it [[Frysk]] as tsjerketaal, en hy sette om [[1860]] hinne as earste it ''[[Evangeelje fan Markus]]'' oer nei it Frysk. Hy wie gjin begenedige sprekker. Syn deiboek, dat er mei ûnderbrekkings byhold fan [[1840]] oant [[1853]], toant him ûnwis yn syn leauwensoertsjûgings, mar oprjocht sykjende.
Rigel 7:
** ''It Evangeelje neffens Markus Forfryske: Yn de Hjoeddeiske Stavering Oerbrocht'' (werprintinge oers. W. van Borssum Waalkes mei ynlieding troch P. de Clercq), Snits, 1912.
* ''Dagboek'' (yn bewarring by [[Tresoar]]).
 
== Literatuer ==
* {{aut|Brouwer, H.}}, Waalke van Borssum Waalkes (1818-1866) en syn oersetting fan it evangeelje fan Markus. Ferlike mei oare Fryske evangeelje-oersettingen benammen út 'e njoggentjinde ieu troch [[Hindrik Brouwer]]. Fryske Akademy Leeuwarden/Ljouwert 1997. Akademy-nummer 847. ISBN: 90 6171 847 3. 477 s.
 
[[Kategory:Frysk predikant|Borssum Waalkes, Waalke van]]