Mohammed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
 
== Libben ==
Mohammed waard berne te [[Mekka]] út in ferearme staach fan de machtige stam fan de [[Koeraisjiten]] en grut brocht troch syn pakesizzerpake [[Abd al-Moetalib]]. Op 25 jierrige leeftyd boaske hy de fyftjin jier âldere keapmanswiddo [[Sjadidja]]. Fan harren bern bliuw allinnich in dochter, [[Fatima]] yn libben. Nei in oantal fisioenen dêr't him de ingel [[Gabriel]] yn ferskynde, set hy yn [[610]] útein mei preekjen. Hy fermanne de ynwenners fan Mekka harren ôf te kearen fan in materialistysk libbenswize en ôfgoaderij. Letter kaam yn syn preekjen de ûnderwurping '''(islam)''' oan de iene God ([[Arabysk]]: ''Allah'') op de foargrûn. Yn Mekka krige hy net folle stipe en moast yn [[622]] útwike nei [[Medina|Jathrib]] (letter Medina neamd), dêr't syn optreden in sukses wurde soe.
 
Nei ferskate wapene konflikten mei Mekka koe Mohammed yn [[630]] as oerwinner syn yntocht hâlde yn Mekka; it begjin fan de sêgetocht fan de Islam. Nei syn dea, waarden troch syn neiste folgelingen syn iepenbieringen optekene yn de [[Koran]].