Kate Ashton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red.
red. [[]]
Rigel 2:
 
== Libben en wurk ==
Ashton waard opbrocht yn [[The Chilterns]] yn it súdeasten fan [[Ingelân]] en folge in oplieding ta ferpleechkundige [[Oftalmology|eachhielkunde]]. Nei har diplomearring gie hja oan it wurk as ûndersyksassistint op de Ofdieling Oftalmology fan de [[Universiteit fan Edinboarch]]. Trije jier letter waard hja haad operaasjekeamer yn it Royal Eye Hospital yn [[Londen]]; dat wurk hat hja in jier dien. Dêrnei waard se earst sjoernaliste en letter redakteur by it fakblêd ''Nursing Times'', dat doetiids útjûn waard troch útjouwerij Macmillan yn Londen.
 
Sy ferruile Ingelân foar Nederlân om dêr har wurk as sjoernalist fuort te setten. Sy sette har nei wenjen yn [[Moarre]]. Teffens skreau hja in tal boeken, sawol fiksje as net-fiksje, wie hja korrektor foar útjouwerijen en helle in diploma klassike [[homeopaty]]. Oer de Fryske skriuwster [[Teatske Alzum]] fan Moarre skreau hja in [[biografy]]. <br>