Fergilius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L side oanpast oan 'F'ergilius
No edit summary
Rigel 2:
 
Syn bekendste wurk is de ''[[Aeneis]]'', it grutte heldedicht dêr't de grutheid fan Rome, fan Romes oarsprong en ferline yn besongen wurdt. Dat wurk moast like ferneamd wurde as de [[Ilias]] en de [[Odyssee]] fan [[Homerus]], it hat dan ek in soartgelikense ynhâld, mar it is kritysker skreaun.
Fergilius ferskynt ek yn [[De godlikeGodlike komeedzjeKomeedzje|La Divina Commedia]] fan [[Dante Alighieri]], dêr't hy Dante begeliedt troch it [[Faaiefjoer]] en de [[Hel (leauwenskonsept)|Hel]].
 
De wichtichste boarne foar it libben fan Fergilius is de ''Vita Vergilii'' (It libben fan Fergilius) fan de fjirde-ieuske skriuwer [[Aelius Donatus]]. Dizze gie foarôf oan syn kommentaar op Fergilius syn wurk, wêrfan allinnich it begjin fan it kommentaar op de ''Bucolica'' oerlevere is. It kommentaar fan Donatus waard lykwols brûkt troch syn learling [[Servius (grammaticus)|Servius]] foar in nij kommentaar op it wurk fan Fergilius, dêr't ek inkele biografyske yn steane. Neist it wurk fan Donatus en Servius binne noch inkele minder wichtige libbensbeskriuwingen, en befet it wurk fan Fergilius inkele biografyske gegevens.