Tûzen-en-ien Nacht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TjBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Robot: interwiki gewijzigd van tl:Ang Isanglibo't Isang mga Gabi naar tl:Ang Isang Libo't Isang Gabi
Rigel 8:
Gedielten fan de ferhalebondel wienen yn Europa al bekend yn de [[18e ieu]]. De oarspronklike ferhalen wienen [[erotyk|eroatysk]] kleure. Dêrtroch waard it ferhaal yn de Arabyske wrâld oant yn de 20e ieu net as wiere literatuer sjoen, oars as yn Europa. Doe't de Britske avontoersman en [[ûntdekkingsreizger]] [[Richard Francis Burton]] yn [[1850]] in folsleine, mar earbere oersetting publisearre, waard hy fan [[pornografy]] beskuldige.
 
Yn letter tiden (1885-1888) waarden de ferhalen útjûn sûnder de eroatyske dielen en waarden se populêr as [[mearke]]ess foar bern en folwoeksenen. Soks barde oars mei hast alle mearkes, soks is bygelyks dúdlik te merkbiten yn de ferskate printingen fan ''[[Kinder- und Hausmärchen]]'', wêrby't de seksuele eleminten yn lettere útjeften symboalysk beskreaun wurde. Nammers befette de samling mearkes fan de [[bruorren Grimm]] yn eardere printingen mear mearkes út Tûzen-en-ien-nacht as yn lettere printingen, dêr't dy dêr't de Nederlânske oersetting op basearre is, ûnder binne. Dy waarden weilitten omt se net út it Dútske gebiet kamen. Dat barde bygelyks ek mei mearkes dy't opnomd wienen yn de bondel fan [[Charles Perrault]]).
 
Dochs binne de ferhalen út Tûzen-en-ien-nacht net allinnich pornografysk fan aard. Yn de bloeitiid fan de [[islam]] hantearre de [[mûllah]] dizze ferhalen om syn harkers in les te jaan. Troch de tiid hinne waard it ek [[folksterapy]]. In Perzyske arts en [[psychoterapeut]] hat de ferhalen brûkt yn de psychosomatyske genêskunde foar it behanneljen fan konflikten en terapeutyske situaasjes. Yn it boek "[[De Keapman en de Pappegaai]]" makke hy de tapassing fan dizze ferhalen tagonklik foar de lêzer.