Evangeelje fan Mattéus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 7:
Yn 'e tekst sels wurdt de [[skriuwer]] net neamd. De tradysje dy't wol dat it de [[apostel]] [[Mattéus]] wie, in ferfijd [[tollener]] (belestingynder) foar de Romeinske besetter dy't in dissipel fan Jezus waard, is begûn mei de kristlike [[biskop]] [[Papias fan Hiëropolis]] (±[[100]]-[[140]]). Dyselde skreau, yn in passaazje mei in stikmannich útspraken dy't foar mearderlei útlis fetber binne: ''"Mattéus sammele de wurden ''[''logia'': oerleverings fan of oer Jezus]'' yn 'e Hebrieuske taal ''[''Hebraïdi dialektōi''; miskien ek wol "Hebrieuske styl"]'' en in elk ynterpretearre ''[''hērmēneusen''; of "fertaalde"]'' harren nei bêste kinnen."'' Dit liket te betsjutten dat it ''Evangeelje fan Mattéus'' yn it [[Hebrieusk]] skreaun waard en dêrnei oerset nei it [[Gryksk]], mar [[taalkunde|taalkundich]] ûndersyk fan 'e Grykske tekst fan ''Mattéus'' slút dat frijwol út. Hoe dan ek, op grûn fan dit twifelige sitaat waard it evangeelje neitiid oan Mattéus taskreaun en om 'e ein fan 'e twadde ieu hinne wie dy oertsjûging sa algemien wurden dat nimmen him noch yn 'e kiif stelde, en yn dy tiid ûntstie ek de titel "it Evangeelje fan Mattéus".
 
Hjoed de dei wurdt lykwols frij algemien oannommen dat net de apostel Mattéus, mar in anonym skriuwer de wiere auteur fan it evangeelje wie. In wichtich argumint is dêrby dat ''Mattéus'' oantoanber fierhinne basearre is op it ''Evangeelje fan Markus'', en it liket net botte wierskynlik dat immen dy't sels tsjûge fan 'e oangeande foarfallen wie, him sasear op in oar ferlitte soe. Men beskôget de anonime skriuwer as in heechoplate joad, dy't in yngeande kennis hie fan 'e details fan 'e joadske wet en oerskrank op 'e grins stie tusken tradysjonele joadske noarmen en wearden en harren nije, kristlike wjergaders. Yn syn fermidden stie de apostel Mattéus nei alle gedachten yn heech oansjen, mei't men leaut dat dyselde ek tige talein wie op 'e [[Torah]] en sels wol sjoen wurdt as in [[farizeeërfariseeër]] of skriftlearde dy't ien fan Jezus syn folgelingen waard.
 
==Oerienkomsten mei de oare evangeeljes==